113 selsmoardprevinsje is winner fan 17e Fryske Radioreklamepriis

desimber 3, 2018 11:57

Sneon 1 desimber is bekend makke dat de radio-kampanjespot ‘Stel de fraach fan dyn libben’ fan 113 selsmoardprevinsje, yn opdracht fan GGD Fryslân, de winner wurden is fan de 17e Fryske Radioreklamepriis. De spot krige mear as de helte fan alle stimmen.

Foto: FRP

Hûnderten stimmers hawwe harren stim útbrocht en koene in kar meitsje út trije nominearren. Njonken Stichting 113 selsmoardprevinsje wiene dat: erotykwinkel Euphoria op It Hearrenfean mei ‘Nije dingen ûntdekke yn de sliepkeamer’ en ‘Passend lezen’ fan de Christelijke Bibliotheek voor Blinden en Slechtzienden yn De Haach.

De winnende kampanjespot; ‘Stel de fraach fan dyn libben’ waard in moanne lyn nominearre. Dat om’t it de harker fuortdaliks yn ‘e besnijing hat troch iene gewoane fraach; ‘Hé alles goed?’ en dêrnei dy pynlike stilte. Dêrmei wurdt in ynkringende sfear delsetten. It set jin sûnder erch as harker oan it neitinken. It Frysk is hjir op in natuerlike wize brûkt, sadat elkenien it boadskip goed begripe sil. Nammerste mear noch om’t de ynsprekker en produsint fan dizze spot, de ferneamde sjonger Syb van der Ploeg is. De útdrukking fan dizze kampanje, alhiel sûnder muzyk, past hielendal by it doel. Doar persoanlike fragen te stellen, al ûntstean der ek ûngemaklike stiltes. Dêrmei wurdt hooplik in ‘nij’ taboe trochbrutsen.

In protte ynformaasje wurdt der fierder net jûn, mar der wurdt wol ien tige wichtige gedachte oerbrocht: doar jin ‘dy fraach fan dyn libben!’ te stellen.

De Fryske Reklamekommisje hopet sa dat mear bedriuwen, organisaasjes en ynstellingen it Frysk brûke sille as kommunikaasjemiddel! It winnende spotsje bliuwt njonken de oare twa nominearren te besjen op de hiemside www.fryskereklamepriis.frl.

desimber 3, 2018 11:57
Skriuw in reaksje

1 opmerking

  1. Peter Bruinsma desimber 5, 12:08

    Wêrom sil elkenien it boadskip fan dy winnende kampanjespot goed begripe om’t Syb van der Ploeg de ynsprekker en produsint is? Hie in oar dat west, dan hie ik ‘t ek wol snapt hear.

Sjoch opmerkingen

Skriuw in reaksje

Jo mailadres wurdt net sichtber foar oare besikers fan dit webstee.
As der in stjerke by in hokje stiet, moatte jo dêr wat ynfiere.*