Ynternationale belangstelling foar partisipaasjemienskip yn Noardeast-Fryslân

novimber 3, 2018 19:27

In ynternasjonale delegaasje hat foar de nije gemeente Noardeast-Fryslân ûndersyk dien nei de kânsen en obstakels dy’t de mienskip tsjinkomt om de eigen wenkrite te ferbetterjen. Dat wurdt foaral socht yn it ferheegjen fan it bioferskaat en it stimulearjen fan de natuer-ynklusive lânbou.

Moandei 5 novimber presintearret de delegaasje de resultaten fan it ûndersyk yn it doarpshûs fan Raard oan de bewenners fan it gebiet. De delegaasje bestiet út 25 beliedsmeiwurkers út fyftjin lannen yn Afrika, Azië en Latynsk Amearika.

Eftergrûn
Bewenners fan in gebiet krije troch de nije Omjouwingswet fan 2021 ôf mear sizzenskip oer de ynrjochting fan harren lânskip. Meer sizzenskip om op lokaal nivo de ferskillende belangen tsjininoar ôf te wagen as it giet om enerzjy, leefberheid, ekonomy en natuer. Noardeast-Fryslân wol dat dwaan troch ‘fan ûnderen op’ te wurkjen.

De Provinsje is yn july fan dit jier mei in Interreg Europe project úteinset, Biodiversity Governance. De dielnimmende Europeeske lannen leare faninoar oer de ferskillende foarmen fan gearwurkjen. Yn Fryslân wurdt in soad ferwachte fan de ‘fan ûndereb op’-metoade. De Provinsje wol dêr in foarbyldprojekt dwaan yn de gemeente Noardeast-Fryslân.

novimber 3, 2018 19:27
Skriuw in reaksje

Gjin opmerkingen

Noch gjin opmerkings

Der binne noch gjin opmerkingen, mar jo kinne de earste wêze

Skriuw in reaksje
Sjoch opmerkingen

Skriuw in reaksje

Jo mailadres wurdt net sichtber foar oare besikers fan dit webstee.
As der in stjerke by in hokje stiet, moatte jo dêr wat ynfiere.*

This site uses Akismet to reduce spam. Learn how your comment data is processed.