Ynternasjonaal ûndersyk nei de Nederlânske omgong mei Friezen

novimber 8, 2018 01:17

Dizze moanne ûndersiket de Rie fan Europa oft Nederlân de ôfrûne jierren wol genôch dien hat foar de Friezen. It ûndersyk heart by in fisitaasje dy’t om ‘e fjouwer jier dien wurdt. Nederlân is dêrta ferplichte op grûn fan it saneamde ‘Ramtferdrach oangeande de beskerming fan nasjonale minderheden’. De iennichste offisjele nasjonale minderheid yn Nederlân binne de Friezen.

It webstee Neerlandistiek.nl hat in wiidweidige beskriuwing fan it ferdrach en de fisitaasje. Klik hjir om it te lêzen.

novimber 8, 2018 01:17
Skriuw in reaksje

5 opmerkingen

  1. mbc84 novimber 8, 09:11

    Se hawwe noch nea in poat útstutsen.. It iennige dat se dwaan kinne, is jammerje en freegje oft wy Nederlânsk prate/lêze/skriuwe wolle. Want dat Frysk, dát kostet te folle jild en it is oerstallich want elts kin Nederlânsk.. Sadwaande binne alle iepenbiere oantsjuttings yn MYN lân noch altiten ientalich Heechhaarlimerdyks ynstee fan gewoan normaal Frysk..

  2. Eric novimber 8, 09:58

    Kin der ek in flamjend berjocht nei de Hollânske kranten, Hilversum ensafh? Dat de nasjonale media der omtinken oan jouwe.

  3. Abe novimber 8, 12:24

    Dy fisitaasjes sizze alle kearen itselde, en alle kearen komt út de rapporten nei foarren dat de Nl. steat en de Fr. provinsje tekoart sjitte. It is hieltyd de Fryske polityk sels dy’t gjin poat útstekt foar de taal. As je al oait in kommissaris fan de Kening mei in Fryske pet op noadich hawwe – dan is it no wol tink?

  4. Piter novimber 8, 20:39

    It soe ek tige nijsgjirrig wêze om te witten wat de Rie fan Jeropa fynt fan de heksejacht op de blokkearfriezen troch it iepenbier ministearje. Moarn útspraak om 13.00 oere. Oant sjen op it Saailân!

  5. Abe novimber 9, 13:53

    It is nijsgjirrich en net nijsgjirrig, en net fynt mar tinkt. Fierder is it dúdlik nét nijsgjirrich wat de Ried yn dyn gefal tinkt, want dy giet net oer rjochtsaken tsjin kriminelen. En ast dochs op it Saailân bist, doch de faksisten de groetenis, de heu en in dikke finger.

Sjoch opmerkingen

Skriuw in reaksje

Jo mailadres wurdt net sichtber foar oare besikers fan dit webstee.
As der in stjerke by in hokje stiet, moatte jo dêr wat ynfiere.*

This site uses Akismet to reduce spam. Learn how your comment data is processed.