Yn 1883 waard it Frysk dé toanieltaal fan Fryslân

novimber 12, 2018 23:02

Fryslân is in provinsje fan toanielspilers. Doarpstoaniel en iepenloftspullen binne yn Fryslân bekende fenomenen, dêr’t grutte groepen minsken oan meidogge. Soms streame sels minsken út it doarpstoaniel troch nei de profesjonele keunstwrâld, mei Nynke Laverman as ien fan ‘e bekendste foarbylden. De toanieltaal is yn de measte gefallen it Frysk. Dat is lykwols pas sa sûnt 1883, sa hat Abe de Vries ûntdutsen.

De Vries hat ûndersyk dien nei de taal fan toanielstikken yn it Fryslân fan ‘e njoggentjinde ieu. Dat hat er dien oan ‘e hân fan oankundigings yn ‘e Ljouwerter Krante. Lang wie it Nederlânsk de taal fan it toaniel. Om 1860 hinne wurdt foar it earst in inkeld Frysktalich stik spile. Noch lang dêrnei sloegen Nederlânsktalige stikken foar master op. De ferhâlding Nederlânsk-Frysk ferskode lykwols stadichoan en yn 1883 wie der foar it earst mear Frysk op ‘e planken te hearren as Nederlânsk, hoewol’t der goed tsien jier letter al efkes in tebekfal wie. De Vries tinkt dat it opkommende nasjonalisme en de eangst foar it sosjalisme doe it Nederlânsk mooglik wer populêrder makken.

De Vries hat syn ûndersyk beskreaun op it literatuerwebstee fers2.eu yn in stik mei de titel Twataligens op ‘e planken. Klik hjir om it stik te lêzen.

novimber 12, 2018 23:02
Skriuw in reaksje

Gjin opmerkingen

Noch gjin opmerkings

Der binne noch gjin opmerkingen, mar jo kinne de earste wêze

Skriuw in reaksje
Sjoch opmerkingen

Skriuw in reaksje

Jo mailadres wurdt net sichtber foar oare besikers fan dit webstee.
As der in stjerke by in hokje stiet, moatte jo dêr wat ynfiere.*

This site uses Akismet to reduce spam. Learn how your comment data is processed.