Wolkom op ‘e lêste tongersdei fan ‘e moanne

novimber 17, 2018 07:00 Fernijd

Yn it ramt fan Wolkom op ‘e lêste tongersdei fan ‘e moanne sil Bearn Bilker op 29 novimber 2018 yn it Provinsjehûs in lêzing hâlde mei as titel “Us blik op it easten moat en kin folle better.”

Oer de lêzing
Dútslân leit ticht by Fryslân. Mar wat witte wy fan ús eastlike buorlju? Feitliken neat. Us kennis oer alles wat Dútsk is, is minimaal. Polityk is Dútslân in boeiend lân. Grif no’t de koälysje fan bûnskânselier Angela Merkel ûnder druk stiet. Mar ek yn de dielsteaten is polityk in hot item. Wat witte wy derfan? Hoe stiet it mei ús kennis fan de Dútske taal en kultuer? Wat witte we fan harren popmuzyk? Wat fan harren stêdegroei, harren libbenshâlding en deistige gewoanten en libbenswize? It ferskil tusken East West en Noard Súd? Wêrom is Nederlân sa rjochte op Angelsaksyske lannen? Wêrom hawwe wy ús blik op it westen rjochte en wêrom sa’n bytsje op it easten?

En dochs… Nederlanders geane it meast op fakânsje yn Dútslân! Yn Fryslân wenje de measte bûtenlanners dy’t fan Dútske komôf binne. De Dútske ekonomy is booming business, it lân is fierwei ús grutste handelspartner. Ymport en eksport binne foar in grut part ôfhinklik fan de Bûnsrepublyk.

Wat dogge we dêrmei? It lân is enoarm yn beweging, dochs krije wy der sa’n bytsje fan mei. Wêrom hawwe wy dêr gjin rol yn? Bearn Bilker giet djip op dy fragen yn en jout ek út de skiednis wei in kontekst dêr’t ferklearringen út jûn wurde kinne dy’t sûnder mis romte jouwe om in blik op de takomst te rjochtsjen, grif ek út Frysk perspektyf.

Oer de sprekker
Bearn Bilker, no noch boargemaster fan Kollumerlând c.a., hat him altyd dwaande holden mei de skiednis fan de Dútske lannen. Hy hat him spesjalisearre yn de Dútske keningshuzen. Hy hâldt him dwaande mei de Dútske polityk en skriuwt dêroer geregeldwei yn it Friesch Dagblad. Troch syn houlik mei in Dútske frou út it eardere East-Dútslân komt er faak yn Thüringen. Fierder is er aktyf op it mêd fan kultuer, monuminten en histoarje. 

Plak, tiid en oanmelde
De lêzing is op tongersdei 29 novimber 2018 yn it Provinsjehûs. De seal is om 12.00 oere iepen, de lêzing begjint om healwei ienen, duorret omtrint in oere en is frij tagonklik. De fiertaal is Hollânsk. De organisatoaren stelle it tige op priis as foar 24 novimber bekend wa’t komme en mei hoefolle persoanen. Oanmelde kin op wolkom@fryslan.frl.

novimber 17, 2018 07:00 Fernijd
Skriuw in reaksje

Gjin opmerkingen

Noch gjin opmerkings

Der binne noch gjin opmerkingen, mar jo kinne de earste wêze

Skriuw in reaksje
Sjoch opmerkingen

Skriuw in reaksje

Jo mailadres wurdt net sichtber foar oare besikers fan dit webstee.
As der in stjerke by in hokje stiet, moatte jo dêr wat ynfiere.*

This site uses Akismet to reduce spam. Learn how your comment data is processed.