Wike tsjin Bernemishanneling yn Achtkarspelen

novimber 16, 2018 07:15

Mei it grutste part fan de jongerein yn Achtkarspelen giet it goed. Spitichgenôch binne der bytiden ek bern dêr’t oer ynsitten wurdt. Yn alle skoalklassen sitte yn trochsneed trije bern dy’t te krijen hawwe mei in foarm fan bernemishanneling. Om dat probleem foar te kommen of te stopjen jout Achtkarspelen dêr yn de Wike tsjin Bernemishanneling, fan 19 oant en mei 25 novimber, ekstra omtinken oan troch it organisearjen fan aktiviteiten.

Doch-wedstriid foar basisskoallebern
De basisskoallen yn Achtkarspelen organisearje mei de gemeente in dochwedstriid foar learlingen fan de groepen 7 en 8. Oer it tema ‘By wa fielst dy feilich?’ meitsje learlingen in tekening, gedicht, ferhaal of wurdweb. De moaiste kreaasjes wurde bondele yn in boekje. In sjuery, ûnder lieding fan boargemaster Gerbrandy, makket út watfoar wurkstikken yn dy bondel komme. De bondel wurdt begjin 2019 útbrocht.

De wichtige rol fan frijwilligers
Frijwilligers dy’t mei bern en jongerein te meitsje hawwe en har ynsette by ûnder mear berne-opfang, skoallen, tsjerken en sportferieningen, hawwe in wichtige rol by it ûnderkennen fan bernemishanneling. Spesjaal foar dy groep wurdt woansdeitejûn 21 novimber in gearkomste organisearre op KBS De Lichtbron yn Bûtenpost. Underfiningssaakkundigen fan NOKIDDING fertelle oer wat se meimakke hawwe en hoe’t it proses gien is: wat wurket wol en wat net? Frijwilligers geane yn petear mei de kontaktpersoanen bernemishanneling fan it jeugd- en doarpeteam.

Workshop foar profesjonals
Foar profesjonals yn jongereinhelp, ûnderwiis, berne-opfang en jeugdsûnenssoarch wurde twa workshops holden mei ûnderfiningssaakkundigen fan NOKIDDING. Dy wolle wol de profesjonals ûnderfine litte wat men bygelyks fielt by in ûnderfiningsferhaal yn stee fan fuortdaliks gedachten te uterjen en derop dy wize wat fan te finen.

novimber 16, 2018 07:15
Skriuw in reaksje

Gjin opmerkingen

Noch gjin opmerkings

Der binne noch gjin opmerkingen, mar jo kinne de earste wêze

Skriuw in reaksje
Sjoch opmerkingen

Skriuw in reaksje

Jo mailadres wurdt net sichtber foar oare besikers fan dit webstee.
As der in stjerke by in hokje stiet, moatte jo dêr wat ynfiere.*

This site uses Akismet to reduce spam. Learn how your comment data is processed.