Wie Grutte Pier swart?

novimber 19, 2018 23:26

Hie Grutte Pier in kleurke? Histoarikus Pieter Smit tinkt dat dat wierskynlik is. Dat skriuwt er yn it deiblêd Trouw.

Pier Gerlofs Donia focht om 1500 hinne tsjin de Saksyske hierlingen dy’t Fryslân plonderen en tsjin Hollânske soldaten dy’t besochten om Fryslân te feroverjen.

Mooglik wie Pier in bern fan slaven dy’t troch Fryske seerôvers befrijd wie of in flechtling út Spanje. Yn Fryslân bestie gjin slavernij. Neffens Smit barde it wol faker dat Afrikaanske slaven nei Fryslân ta giene, om’t it dêr feilich foar harren wie.

Smit skriuwt: “Grutte Pier was volgens de oudst bekende beschrijving van Peter van Thabor een ‘grote swarte man’. Zijn rebellenleger heette de Arumer Zwarte Hoop. Een latere Hollandse historicus schrijft dat hij een vreemd donker uiterlijk had, een rare manier van praten en ogen als kolen, waarmee hij de kinderen schrik aanjoeg.”

novimber 19, 2018 23:26
Skriuw in reaksje

1 opmerking

  1. Rob novimber 20, 00:52

    Is it faaks komkommertiid op it nijs? Tusken de lèste berjochten geane der tafallich folle oer ras/yntegraasje. Net krekt in ûnderwerp dat op dit stuit lju gearbringt.

Sjoch opmerkingen

Skriuw in reaksje

Jo mailadres wurdt net sichtber foar oare besikers fan dit webstee.
As der in stjerke by in hokje stiet, moatte jo dêr wat ynfiere.*

This site uses Akismet to reduce spam. Learn how your comment data is processed.