Wêrom’t ik net mear links wêze kin

novimber 26, 2018 21:01

Ik haw altyd sosjaal-demokraat west. Meastal stimde ik PvdA, soms mei in útstapke nei de SP of D66, mar de lêste kear haw ik VVD stimd. Dat wie echt net fan herte en ik bin it mei de VVD op in soad punten net iens, mar ik begryp de linkse partijen net mear.

In pear jier lyn hawwe wy in hûs kocht yn in nije wenwyk. Ik sil net presys sizze wêr, mar it giet om in grutter plak. It wie net goedkeap en wy hawwe in grut stik fan ús sparjild yn it hûs stutsen, mar it is no ek prachtich. Watst fan de buert net sizze kinst. In nije wyk kin noch alle kanten op en ús wyk is no al ferloedere. Der leit rotsoai op strjitte, ik wit net hoefolle autorútsjes oft der al ynslein binne. Der wurde drugs ferkocht, sommige minsken hawwe wapens, op in pear plakken soarget hangjeugd foar oerlêst. Wy hawwe in dossier fan trije kantsjes fan lûdsoerlêst. Sint Maarten wie eartiids altyd aardich, mar no dogge wy de doar leaver net iepen, want de bern sjonge amper in ferske, jouwe in grutte mûle en graaie it snoep út ús hannen.

As wy de minsken dy’t oerlêst feroarsaakje oansprekke, krije wy in grutte mûle. Buorlju binne sels bedrige. Wy hawwe wit ik hoe faak de polysje belle. Wy hawwe de gemeente ynskeakele, mar dy sust it allegear. Neffens de man fan de gemeente moatte wy begryp opbringe foar de ferskillende kultueren yn de buert. En as wy sizze dat wy oerlêst ûnderfine en dat dy minsken de wet oertrêdzje, dan krije wy te hearren dat de gemeente net op alles hanthavenje kin. Ek wurdt der sein dat dit in ‘volkswijk’ is en dat de minsken ús ek net begripe en dat wy mei se yn gesprek moatte. Krekt oft in ‘volkswijk’ en in ‘asobuurt’ itselde wêze soe. Wy moatte foaral mei elkoar prate en de gemeente wol foaral de ‘leefomstandigheden’ ferbetterje.

Us gemeente is hiel links en wy fiele ús yn de steek litten. Wy snappe net dat in gemeente syn eigen regels net hanthavenet en it ek net logysk fynt dat wy dat fan se ferwachtsje. En dan hearre wy Femke Halsema sizzen dat se fynt dat it boerkaferbod ek net hanthavene hoecht te wurden. Sa rekkest it fertrouwen yn de oerheid hurd kwyt. Wetten binne der dochs foar ús? En de polysje is der dochs om op hanthavening ta te sjen?

De âlde linkse partijen wiene der foar de arbeiders. Troch de SDAP en de PvdA binne der sosjale rjochten lykas in minimumlean, AOW, WAO, WW. Dêr bin ik foar. Ik wol ek dat minsken dy’t graach wurkje wolle in baan krije en dat minsken dy’t ‘door omstandigheden’ net wurkje kinne, dochs in goed bestean hawwe. Dat binne minsken dy’t miskien yn in ‘volksbuurt’ wenje. Us wyk is dat net. Dêr wenje allegear soarten minsken troch elkoar mei relatyf in soad asosjalen. It binne minsken dy’t net wurkje wolle en dy’t krimineel binne en foar oerlêst soargje. De gemeente wol dat wy mei se prate, mar wy wolle dat se ophâlde of ferhûzje. En wy fine dat de oerheid (polysje en gemeente) dat regelje moat.

Modern links is foarstanner fan diversiteit, mar docht neat oan de problemen dy’t ûntstean troch diversiteit. De linkse partijen wolle in ‘gemengde’ wyk, mar docht neat foar ús. De dieders wurde behannele as slachtoffers. Wy hawwe it net min, mar wy binne net ryk. Wol wurkje wy. Wy hingje net op strjitte om en binne net krimineel. Ek soargje wy net foar oerlêst. Wêrom binne de sosjaal-demokratyske partijen der net foar ús? Wêrom wurdt der dien as oft hanthavening fan de wet ‘te veel gevraagd’ is?

Wy binne noch hieltyd foar rjochten foar arbeiders, foar minimumlean en sosjale regelingen. Wy binne der foar dat elkenien in goed bestean hawwe moat. Mar wy fine ek dat minsken dy’t har misdrage net yn in wenwyk thús heare. Wy wolle dat wurkjende minsken gewoan rêstich libje kinne, sûnder oerlêst. Der is net ien partij dêr’t wy ús echt by thús fiele, mar de linkse partijen hawwe ús teloarsteld. Dêrom stimme wy dit jier op de VVD. En eins wolle wy dat net.

Boukje P.

novimber 26, 2018 21:01
Skriuw in reaksje

7 opmerkingen

  1. Abe novimber 26, 21:27

    Krije wy no in rûntsje stikjes wêryn’t minsken har stimgedrach útlizze? Of is de politike strekking fan dit stikje in wjerspegeling fan wat de redaksje tinkt? Graach ynformaasje.

  2. Syb novimber 27, 14:58

    Wêr wennet Boukje P.? De beskriuwing tsjut net op in situaasje yn Fryslân. Slút my by Abe oan, graach mear oer it hoe en het fan dizze frou, wenplak en wêrom’t sy hjir no ynienen in kollum hat.

  3. Johannes novimber 27, 15:26

    Wat kinne minsken dom wêze en stim op de vvd. Dan wit je dat je besoademitere wurde en de sinten nei de riken gean. In partij fan ligers en korrupsje. Mei in hiele moaiprater hear Rutte. Skynber falle sommige froulju dêrop mei it stimmen. Is Boukje P. faaks in dochter fan drs.P.

  4. Eric novimber 28, 11:03

    Wat Boukje skriuwt, is op ferskate plakken yn grutte stêden al jierren oan ‘e gong. Dêrom stimt foaral de hegerein en sympatisanten noch op de bestjoerspartijen dy’t altyd de macht hân hawwe. Út wanhoop stimme minsken dy’t de problemen wier sels meimakke hawwe, dan op alternative partijen dêr’t se eins leaver net op stimme soene (Trump, Brexit, PVV, (VVD), FvD, en oare ‘populisten’). Dêr krije se dan skellerij (sjoch kollum Jaap van der Bij) of ûnbegrip foar werom, mar it binne de ûnderlizzende en ferwaarloazge problemen dy’t de oarsaak binne fan ‘populisme’. It is net dat reedlike lju ynienen ûnreedlik wurden binne.
    — Mar ja, de VVD hat ek neat dien oan dizze problematyk, is as bestjoerderspartij mei ferantwurdlik.

  5. Rob novimber 28, 12:02

    Eric hat it goed sein. Ik wenje yn A’dam en haw krekt as de skriuwster altyd links stimd. By de leste ferkiezings haw ik lykas har in ruk nei rjochts makke (maar dan gjin VVD) omdat ik de polityk korrekte standaardreakjes op problemen net mear hearre wol. De grutte stêden binne mear ferdield as ea en ik sjoch dat ek net fluch feroarje. Spitich, mar it is net oars.

  6. Harry novimber 28, 15:25

    Mefr.P. ferteld net yn hokker plak of gemeente sy wennet, derom in wat algemiene reaksje. Sûnt de twadde wrâldkriich hawwe de measte Fryske gemeenten , utsein in pear stêden, in gemeenterie en in kolleezje fan B. en W. dêr ‘t it CDA en de foarrinners fan dizze partij de mearderheid hawwe.Fan it CDA kin men neffens my net sizze dat dit in linkse party is. VVD, FNP, Gemeentebelangen en de PvdA mochten faak yn wikseljende gearstallingen dielnimme oan de kolleesjes. It CDA hat dan ek sûnt jier en dei de grûtste finger yn de brij hân by beslissingen sa ‘t mefr. P. die neamt. Fierder moatte wy de ynfloed fan Elkien/Accolade ek net ûnderskatte. Om koart te gean mefrou har ûnfrede sil sûnder mis der wêze, mar it is net terjochte om alle pylken op Links te rjochtsjen.

  7. Abe novimber 28, 15:53

    Bliuwt noch altyd stean: myn fraach oan de redaksje.

Sjoch opmerkingen

Skriuw in reaksje

Jo mailadres wurdt net sichtber foar oare besikers fan dit webstee.
As der in stjerke by in hokje stiet, moatte jo dêr wat ynfiere.*