Waarpraatsje: woansdei ek myld

novimber 6, 2018 19:08

foto © Jan Brinksma

DE JOUWER – Nei in útsûnderlik waarme novimberdei (yn De Bilt waard de waarmste dei yn in slachtmoanne ea optekene) is it ek woansdei noch myld.

Yn ’e nacht fan tiisdei op woansdei binne der opklearringen. By in swakke oant matige súdeastewyn wurdt it om de 7 graden hinne. Woansdei is der earst sinne, mar geandewei rekket de loft berûn en letter op ’e middei en yn de jûn kin it (wat) reine. De matige wyn komt út it suden. By de kust lâns wurdt de wyn frij krêftich oant krêftich. Mei 13 graden is it noch hieltyd myld foar de tiid fan it jier.

Tongersdei bliuwt it drûch mar wurdt it wat minder ‘waarm’.

Jan Brinksma

novimber 6, 2018 19:08
Skriuw in reaksje

Gjin opmerkingen

Noch gjin opmerkings

Der binne noch gjin opmerkingen, mar jo kinne de earste wêze

Skriuw in reaksje
Sjoch opmerkingen

Skriuw in reaksje

Jo mailadres wurdt net sichtber foar oare besikers fan dit webstee.
As der in stjerke by in hokje stiet, moatte jo dêr wat ynfiere.*

This site uses Akismet to reduce spam. Learn how your comment data is processed.