Waarpraatsje: skier, wiet en myld wykein

novimber 30, 2018 18:30 Fernijd

foto © Jan Brinksma

DE JOUWER – Nei in kreaze freed sjocht it wykein der skier, en wiet út. Kâld wurdt it net.

Yn ’e nacht fan freed op sneon wikselje opklearringen en bewolking inoar ôf. In bui is net hielendal útsletten. De wyn komt út it suden oant súdwesten en is matich, by de kust lâns en boppe de Iselmar frij krêftich. It wurdt 5 graden.

Sneon is de loft berûn en sil it in skoft reine. De sudewyn is matich oant frij krêftich. By de kust lâns en boppe de Iselmar stiet in krêftige oant hurde wyn. It wurdt 7 graden.
Yn ’e jûn giet de temperatuer omheech.

Snein feroaret der net folle oan it waar. It bliuwt net drûch en de súdwestewyn is frij krêftich oant krêftich. Mei 12 graden is it wol tige myld.

Nei it wykein bliuwt it foarearst ritich.

 

Jan Brinksma

novimber 30, 2018 18:30 Fernijd
Skriuw in reaksje

Gjin opmerkingen

Noch gjin opmerkings

Der binne noch gjin opmerkingen, mar jo kinne de earste wêze

Skriuw in reaksje
Sjoch opmerkingen

Skriuw in reaksje

Jo mailadres wurdt net sichtber foar oare besikers fan dit webstee.
As der in stjerke by in hokje stiet, moatte jo dêr wat ynfiere.*