Waarpraatsje: ritich en skier

novimber 9, 2018 17:43

DE JOUWER – Nei al wer in kreaze dei, sil it yn it wykein skier en ritich wêze. It bliuwt ek net drûch.

Yn ’e nacht fan freed op sneon rekket de loft berûn en letter set it op in reinen. De matige wyn komt út it suden oant súdeasten. By de kust lâns en boppe de Iselmar stiet mear wyn. It wurdt om de 9 graden hinne.
Sneon is de loft berûn en der falt sa út en troch rein. De wyn komt út it suden en is matich, by de kust lâns frij krêftich oant krêftich. It wurdt 10 graden.
Snein feroaret der net folle oan it waar. De loft is berûn, it kin op ’e nij sa út en troch reine en it wurdt 11 graden.

Moandei sil it ek noch ritich en skier waar wêze.

 

Jan Brinksma

novimber 9, 2018 17:43
Skriuw in reaksje

Gjin opmerkingen

Noch gjin opmerkings

Der binne noch gjin opmerkingen, mar jo kinne de earste wêze

Skriuw in reaksje
Sjoch opmerkingen

Skriuw in reaksje

Jo mailadres wurdt net sichtber foar oare besikers fan dit webstee.
As der in stjerke by in hokje stiet, moatte jo dêr wat ynfiere.*

This site uses Akismet to reduce spam. Learn how your comment data is processed.