Waarpraatsje: rêstich wykein

novimber 2, 2018 19:00 Fernijd

foto © Jan Brinksma

DE JOUWER – Nei in kreaze freed sjocht it waar der foar it wykein ek kreas út.

Yn ’e nacht fan freed op sneon binne der opklearringen en kin der op guon plakken damp ûntstean. De wyn is swak en komt út it suden. By de kust lâns en boppe de Iselmar komt de wyn út it súdwesten en is matich. De temperatuer leit tusken it friespunt en 4 graden boppe nul.
Sneon skynt de sinne flink, mar der is sa út en troch ek wat hege bewolking. De wyn giet nei it súdeasten en is swak, by de kust lâns en boppe de Iselmar matich. It wurdt 9 graden.
Snein feroaret der net folle oan it waar. Der is, nei alle gedachten, wat minder sinne mar it bliuwt drûch. It wurdt om de 10 graden hinne.

Nei it wykein hâldt it rêstige en drûge hjerstwaar oan. It wurdt sels noch wat mylder.

Jan Brinksma

novimber 2, 2018 19:00 Fernijd
Skriuw in reaksje

Gjin opmerkingen

Noch gjin opmerkings

Der binne noch gjin opmerkingen, mar jo kinne de earste wêze

Skriuw in reaksje
Sjoch opmerkingen

Skriuw in reaksje

Jo mailadres wurdt net sichtber foar oare besikers fan dit webstee.
As der in stjerke by in hokje stiet, moatte jo dêr wat ynfiere.*

This site uses Akismet to reduce spam. Learn how your comment data is processed.