Waarpraatsje: oanhâldend myld

novimber 7, 2018 19:50

foto © Jan Brinksma

DE JOUWER – It wie woansdei in stik minder myld, mar noch hieltyd kreas novimberwaar. It bliuwt foarearst ek frij myld.

Yn ’e nacht fan woansdei op tongersdei wikselje bewolking en opklearringen inoar ôf. In bytsje rein of in bui is net hielendal útsletten. De swakke oant matige wyn giet fan it suden nei it súdwesten. It wurdt in graad as 8.
Tongersdei is de sinne goed te sjen en bliuwt it, nei alle gedachten, drûch. De matige wyn, by de kust lâns frij krêftich, komt út it súdwesten. Letter op ’e dei giet de wyn nei it súdeasten en jout him wat del. It wurdt om de 11 graden hinne.

Freed is der minder sinne en yn it wykein is it ritich.

Jan Brinksma

novimber 7, 2018 19:50
Skriuw in reaksje

Gjin opmerkingen

Noch gjin opmerkings

Der binne noch gjin opmerkingen, mar jo kinne de earste wêze

Skriuw in reaksje
Sjoch opmerkingen

Skriuw in reaksje

Jo mailadres wurdt net sichtber foar oare besikers fan dit webstee.
As der in stjerke by in hokje stiet, moatte jo dêr wat ynfiere.*

This site uses Akismet to reduce spam. Learn how your comment data is processed.