Waarpraatsje: oanhâldend myld
Resint ferskynd

foto © Jan Brinksma
DE JOUWER – Nei in ferreinde tongersdei bliuwt it earst ritich en myld hjerstwaar.
Yn ’e nacht fan tongersdei op freed is de loft berûn mar letter is der ek kâns op in opklearring. It bliuwt, sa goed as, drûch. De wyn komt út it suden en is matich, by de kust lâns frij krêftich. It wurdt 7 graden.
Freed wikselje sinne en hingelwolken inoar ôf. In bui is net útsletten. By in matige súdwestewyn wurdt it 10 graden.
Yn it wykein is it skier, ritich en (tige) myld.
Der binne noch gjin opmerkingen, mar jo kinne de earste wêze
Skriuw in reaksje