Waarpraatsje: myld foar de tiid fan it jier

novimber 5, 2018 19:28

DE JOUWER – Nei in skiere moandei is de kâns op (wat) sinne tiisdei frij grut. It is boppedat myld foar de tiid fan it jier.

Yn ’e nacht fan moandei op tiisdei binne der opklearringen en kin der op guon plakken damp úntstean. By in swakke oant matige súdeastewyn wurdt it om de 4 graden hinne.
Tiisdei sil de sinne, nei alle gedachten, goed te sjen wêze, mar hoefolle is noch ûnwis. Der is ek hege bewolking. De wyn komt út it súdeasten en is matich. It wurdt tusken de 12 en 14 graden.

Woansdei sil it miskien wat reine. It bliuwt wol oan de mylde kant.

Jan Brinksma

novimber 5, 2018 19:28
Skriuw in reaksje

Gjin opmerkingen

Noch gjin opmerkings

Der binne noch gjin opmerkingen, mar jo kinne de earste wêze

Skriuw in reaksje
Sjoch opmerkingen

Skriuw in reaksje

Jo mailadres wurdt net sichtber foar oare besikers fan dit webstee.
As der in stjerke by in hokje stiet, moatte jo dêr wat ynfiere.*

This site uses Akismet to reduce spam. Learn how your comment data is processed.