Waarpraatsje: myld en ritich
Resint ferskynd

foto © Jan Brinksma
DE JOUWER – Nei in kâld begjin fan woansdei waard it geandewei mylder. De ‘kjeld’ komt foarearst net werom.
Yn ’e nacht fan woansdei op tongersdei is de loft berûn en kin it sa út en troch in bytsje reine. De wyn komt út it suden en is matich, by de kust lâns en boppe de Iselmar frij krêftich oant krêftich. It wurdt 7 graden.
Tongersdei is de loft ek berûn en sil it op ’e nij sa út en troch wat reine. De sudewyn is matich oant frij krêftich, by de kust lâns en boppe de Iselmar krêftich oant hurd. It wurdt 9 graden.
Nei tongersdei bliuwt it myld en ritich. De sinne sille wy hast net sjen.
Jan Brinksma
Der binne noch gjin opmerkingen, mar jo kinne de earste wêze
Skriuw in reaksje