Waarpraatsje: freed noch kreas

novimber 8, 2018 18:59

foto © Jan Brinksma

DE JOUWER – Nei in hiel kreaze tongersdei is it ek freed noch kreas hjerstwaar.

Yn ’e nacht fan tongersdei op freed is de loft berûn, mar in opklearring is net útsletten. It bliuwt, nei alle gedachten, drûch. Op guon plakken soe wol wat damp ûntstean kinne. De wyn giet nei it easten en is swak oant matich. It wurdt om de 5 graden hinne.
Freed is de loft earst berûn, mar geandewei is de sinne ek te sjen. De matige wyn komt út it súdeasten. It wurdt 12 graden.

Yn it wykein is it ritich. Boppedat bliuwt it net drûch. Kâld wurdt it net.

Jan Brinksma

novimber 8, 2018 18:59
Skriuw in reaksje

Gjin opmerkingen

Noch gjin opmerkings

Der binne noch gjin opmerkingen, mar jo kinne de earste wêze

Skriuw in reaksje
Sjoch opmerkingen

Skriuw in reaksje

Jo mailadres wurdt net sichtber foar oare besikers fan dit webstee.
As der in stjerke by in hokje stiet, moatte jo dêr wat ynfiere.*

This site uses Akismet to reduce spam. Learn how your comment data is processed.