Undertekening Bestjoersôfspraak Fryske taal en kultuer

novimber 30, 2018 09:11

OBE (foto: Aant Mulder)

Ofrûne oardel jier hat de provinsje Fryslan mei it Ryk drok dwaande west mei it opstellen fan de nije Bestjoersôfspraak Fryske taal en kultuer 2019 – 2023 (BFTK). In protte Fryske organisaasjes binne troch de provinsje rieplachte oangeande de ynhâld dêrfan, of hawwe fia oare wegen harren ynbring levere. It is in bestjoersôfspraak tusken it Ryk en de provinsje, mar mei en foar de Fryske mienskip ta stân kommen. Mei dizze nije bestjoersôfspraak wolle se mei-inoar de tosken yn in nije tiid sette.

De formele ûndertekening fan de BFTK is op freed 30 novimber fan 17.00 oant 17.30 oere troch de minister fan Ynlânske Saken en Keninkryksrelaasjes, frou K.H. Ollongren, en de kommissaris fan de Kening fan de provinsje Fryslân, de hear A.A.M. Brok. De ûndertekening sil syn beslach krije yn OBE, gebou Lân fan Taal op it Aldehoustertsjerkhôf yn Ljouwert.

novimber 30, 2018 09:11
Skriuw in reaksje

1 opmerking

  1. mbc84 novimber 30, 09:42

    En alles bliuwt by it âlde.. Gjin Fryske dykbewizering, gjin Fryske oantsjuttings in iepenbier ferfier ensfh ensfh. Nee, se sille wol wer omtinken jaan oan in nije stavering en dêr miljoenen tsjinoan smite…

Sjoch opmerkingen

Skriuw in reaksje

Jo mailadres wurdt net sichtber foar oare besikers fan dit webstee.
As der in stjerke by in hokje stiet, moatte jo dêr wat ynfiere.*