Tytsjerksteradiel: wat ekstra’s om jin rêde te kinnen

novimber 10, 2018 07:28

Foto: Gemeente Tytsjerksteradiel

“Witte jimme watfoar regelingen de gemeente hat foar minsken mei in leech ynkommen?”, frege wethâlder Gelbrig Hoekstra fan Tytsjerksteradiel tongersdei by de Itensbank yn Burgum. “Trochdat de minimagids wer ynfierd is kin elkenien no lêze hokker mooglikheden der allegear binne.” Se rikte de earste gidsen út oan de meiwurkers fan de itensbank. De gids mei de titel Een extraatje in de portemonnee is foar alle ynwenners fan Tytsjerksteradiel mei in skraal ynkommen. “It kin foarkomme dat ynwenners neist harren ynkommen ekstra finansjele stipe nedich hawwe. In stikmannich regelingen kinne dêrby helpe. Der is soms mear mooglik as men ferwachtsje soe.”

De nije minimagids is der yn nau gearwurkjen mei de Kliïnteried Wurk en Ynkommen kommen. De eardere gemeentegids bestie troch de partisipaasjewet sûnt 2015 net mear, mar de kliïnteried fong lûden op dat er mist waard. By it meitsjen fan de gids is in soad flyt dien op de yndieling en de lêsberens. Net allinne de gemeentlike en lanlike regelingen steane deryn, mar ek ynformaasje oer berne-opfang, stúdzjetalage en skuldhelpferliening.

De gids is te krijen by de itensbank yn Burgum en de baly fan it gemeentehûs. Aktuele ynformaasje is te finen op www.tytsjerksteradiel.nl en foar wa’t gjin kompjûter hat, stiet der ien yn de hal fan it gemeentehûs.

novimber 10, 2018 07:28
Skriuw in reaksje

Gjin opmerkingen

Noch gjin opmerkings

Der binne noch gjin opmerkingen, mar jo kinne de earste wêze

Skriuw in reaksje
Sjoch opmerkingen

Skriuw in reaksje

Jo mailadres wurdt net sichtber foar oare besikers fan dit webstee.
As der in stjerke by in hokje stiet, moatte jo dêr wat ynfiere.*

This site uses Akismet to reduce spam. Learn how your comment data is processed.