Twaddehâns brêge Aldwâld-Westergeast?

novimber 9, 2018 16:16

Juster is de Beintemawei-Wâlddyk te Oudwoude/Westergeest, dy’t opknapt is, offisjeel iepene. No set in nij ambisjeus projekt útein: de brêge fan Aldwâld. Der sil ûndersocht wurde oft en hoe’t de brêge dy’t by Ritsumasyl oerstallich wurden is, yn Aldwâld op ’e nij brûkt wurde kin. By Ritsumasyl komt takomme jier in biokomposytbrêge oer it Van Harinxmakanaal. It draaiende part fan de âlde brêge is beskikber kommen foar Aldwâld.

It idee om in âlde brêge wer te brûken is ûntstien út it ynnovatyf gearwurkjen fan oerheid, ûnderwiis en bedriuwslibben. De partijen dy’t de brêge fan Aldwâld ferfange moatte sjogge de needsaak yn fan it opnij brûken fan keappe middels en it trochbrekken fan tradisjonele foarmen fan gearwurkjen. Yn dat projekt wurdt sjen litten dat op koarte termyn duorsume inisjativen yn de praktyk brocht wurde kinne.

Wat yn Aldwâld dien wurdt, moat in foarbyld wurde foar duorsum wurkjen yn de takomst. Boele Dijkstra fan DDFK Gemeenten: “Yn hiel Nederlân moat de oerheid yn de kommende jierren op ynfrastrutureel mêd in soad ferfange. Allinne troch op in ynnovative en duorsume wize gear te wurkjen mei it bedriuwslibben en it ûnderwiis kin dat karwei oanpakt wurde.” Neist DDFK Gemeenten binne NHL Stenden, FARSK, Koninklijke Oosterhof Holman, Lievense Ingenieurs en OHPEN Ingenieurs yn it projekt behelle.

novimber 9, 2018 16:16
Skriuw in reaksje

Gjin opmerkingen

Noch gjin opmerkings

Der binne noch gjin opmerkingen, mar jo kinne de earste wêze

Skriuw in reaksje
Sjoch opmerkingen

Skriuw in reaksje

Jo mailadres wurdt net sichtber foar oare besikers fan dit webstee.
As der in stjerke by in hokje stiet, moatte jo dêr wat ynfiere.*

This site uses Akismet to reduce spam. Learn how your comment data is processed.