Top 2000 Stimbus moandei op ’e Jouwer

novimber 29, 2018 10:41

It stimmen foar de Top 2000 fan NPO Radio 2 set op sneon 1 desimber útein. Dit jier rydt de Top Stimbus wer troch hiel Nederlân. Takom wike moandei stiet de stimbus by knooppunt De Jouwer.

It reisskema fan de Top Stimbus sjocht der sa út:

Sneon 1 desember
De middeis: Startskot yn Utert
De jûns: Emmen (Café Groothuis, Stationsstraat 75)

Snein 2 desimber
De jûns: Schagen (Café Piet Pann, Markt 7)

Moandei 3 desimber
De moarns: Knooppunt Joure
De jûns: Scheveningen (ferskate lokaasjes)

Tiisdei 4 desimber
De moarns: Leien sintraal stasjon
De jûns: Maastricht (Markt)

Woansdei 5 desimber
De moarns: Roermond NS-stasjon
De jûns: Raalte (Grote Markt)

Tongersdei 6 desimber
De moarns: Dimter (Skouboarch)
De jûns: Breda (Grote Markt)

Freed 7 desimber
De moarns: De Lucht (Tankstasjon oan A2)
De jûns: Hilversum (Top 2000 Café yn Beeld en Geluid)

De moarnssjoo mei Jan-Willem Roodbeen en Jeroen Kijk in de Vegte komt fan 3 oant en mei 7 desimber (06.00 oant 09.00 oere) streekrjocht út de Stimbus wei, lykas de jûnssjoo mei Wouter van der Goes en Frank van ’t Hof (18.00 oant 20.00 oere). By oare útstjoerings op NPO Radio 2 wurdt geregeld skeakele mei Wouter en Frank dy’t mei de Stimbus dwers troch Nederlân ride om stimmen en stimadvizen op te heljen.

Top 10
Nei it sluten fan de stimbussen op 7 desimber is om 19.00 oere hinne de Top 10 fan de Top 2000 bekend. De folsleine ‘list fan de listen’ 2018 wurdt op 19 desember bekendmakke.

Top 2000
De Top 2000 is ien fan de grutste radio- en muzykeveneminten fan Nederlân dêr’t alle jierren sa’n tsien miljoen minsken nei harkje en sjogge. De list mei twatûzen nûmers wurdt alle jierren gearstald troch it publyk en is te hearren fan earste krystdei oant en mei âldjiersjûn op NPO Radio 2. De útstjoering fan de Top 2000 is ek 24 oeren deis te folgjen fia NPO 1 Extra en nachts op NPO 3. De NTR fersoarget ferskate telefyzje-útstjoerings om de Top 2000 hinne: Top 2000 Quiz, Top 2000: Untold Stories (fan sneon 1 desimber ôf, NPO 3, 23.05 oere) en Top 2000 A Gogo (fan woansdei 26 desimber o/m moandei 31 desimber, NPO 3, 19.25 oere). It publyk kin de Top 2000 streekrjocht belibje yn it Top 2000 Café by Beeld en Geluid yn Hilversum.

novimber 29, 2018 10:41
Skriuw in reaksje

Gjin opmerkingen

Noch gjin opmerkings

Der binne noch gjin opmerkingen, mar jo kinne de earste wêze

Skriuw in reaksje
Sjoch opmerkingen

Skriuw in reaksje

Jo mailadres wurdt net sichtber foar oare besikers fan dit webstee.
As der in stjerke by in hokje stiet, moatte jo dêr wat ynfiere.*