Theo Joosten ynformateur foar Noardeast-Fryslân

novimber 25, 2018 19:18

Op 23 novimber is 2018 de hear Th. J. (Theo) Joosten oanwiisd as ynformateur foar de nije gemeente Noardeast-Fryslân. Theo Joosten is de eardere ûnderwiisbestjoerder en no bestjoersfoarsitter fan it CDA Fryslân. Hy hat in jier lyn ek al as ynformateur yn Waadhoeke warber west.

Ynformaasje
Theo Joosten sil de kommende wike mei de partijen in sa breed mooglik droegen riedsakkoart op haadlinen opmeitsje. Dêr komme de, nei de miening fan de ried, wichtichste  ûnderwerpen yn dêr’t de nije gemeente Noardeast-Fryslân de kommende jierren mei oan it wurk moat. Dêrneist siket er út mei hokker partijen in koälysje foarme wurde kin. De ynformateur sil it konsept-riedsakkoart en it koälysjeferslach oan de nije riedsleden presintearje yn in iepenbare gearkomste.

Formaasje
Nei’t it advys fan de ynformateur ree is, begjint de formaasje. Dan wurde de wethâlders selektearre en de portefúljes omparte.  De wethâlders sille nei alle gedachten yn de earste riedsgearkomste op woansdei 2 jannewaris 2019 beneamd wurde.

Ferkiezingen
Op 21 novimber 2018 hawwe de kiezers bepaald hoe’t de ried fan Noardeast-Fryslân gearstald wurde sil. It CDA kaam as grutste partij út ’e bus en mocht dêrom in ynformateur útstelle. Dy is mei ynstimming fan alle partijen beneamd.  De útslach fan de ferkiezingen is hjir te finen.

De gemeente Noardeast-Fryslân ûntstiet mei yngong fan 1 jannewaris 2019 út de gemeenten Ferwerderadiel, Dongeradiel en Kollumerlân c.a.

novimber 25, 2018 19:18
Skriuw in reaksje

Gjin opmerkingen

Noch gjin opmerkings

Der binne noch gjin opmerkingen, mar jo kinne de earste wêze

Skriuw in reaksje
Sjoch opmerkingen

Skriuw in reaksje

Jo mailadres wurdt net sichtber foar oare besikers fan dit webstee.
As der in stjerke by in hokje stiet, moatte jo dêr wat ynfiere.*

This site uses Akismet to reduce spam. Learn how your comment data is processed.