Terpdoarp Blije yn tou mei klaai, strúntochten en waadfoarum

novimber 5, 2018 09:27

Fan 10 oant en mei 28 novimber bringt Sense of Place yn gearwurking mei Doarpsferiening Blije e.o. de ynwenners fan Blije it libben by de waadkust lâns ûnder de oandacht. “Libben ûnderoan de dyk”, bringt in fariearre programma nei it terpdoarp. Mei in eksposysjerûte, moetings, in optocht en feest stean Blije en syn ynwenners fan ’t hjerst yn de skynwerpers.

Harry Feenstra en Joop Mulder (foto: Maarten Boersema)

Blije strúntocht
Fan doarpstsjerke oant doarpskafee, it hiele doarp docht mei. De ’Blije ekspo-rûte’ nimt de besiker mei nei seis lokaasjes dêr’t ferskate eksposysjes de ferhalen oer it libben ûnderoan de dyk fertelle. Fryske terpen, Grinslânske wierden, de waadkust en de gesichten fan de Waadsee binne in tal ûnderwerpen dy’t oan bod komme. Woansdeis oant en mei sneons fan 13.00 oant 17.00 oere is de rûte te foet of op ’e fyts te folgjen. Op 10, 24 en 28 novimber rydt de panoramawein fan de Seedykster Toer fergees by alle lokaasjes del. En op 24 novimber kinne besikers ûnder begelieding fan in lokale gids de rûte ferkenne.

Wy wolle ús klaai werom
Mei it evenemint ‘Wy wolle ús klaai werom’ wurdt omtinken frege foar in fergetten skiednis: ea wiene der hast tûzen terpen yn Fryslân fol fruchtbere ‘klaai’. Dy waarden geandewei ôfgroeven om earmere grûnen te ferrykjen. Op 17 novimber wolle de Blijers harren klaai werombringe om in lang koestere dream wier te meitsjen. Om sa stikje by bytsje foarm te jaan oan in bûtendyks moetingsplak: de ‘Terp fan de Takomst’. Ut besikerssintrum Terp Hegebeintum wei rint in staasje mei hynder en wein, begelaat troch muzyk, mei klaai nei de seedyk. Mei de staasje ûntbleatsje ynwenners fan Hegebeintum en Blije njoggen markearringspunten, dy’t mei-inoar de ‘Rûte fan Histoaryske Terp nei Terp fan de Takomst’ foarmje en it ferhaal fertelle fan de doarpen en harren omkriten. Werom yn Blije ferwolkommet Brassband Wirdum de optocht mei in spesjaal foar Sense of Place komponearre Waadkomposysje, mei meiwurking fan Never Ending Orchestra. Nei in feestmiel fan waadstamppot is it tiid foar feest mei sjonger Joop Obama.

Oanmelde foar it iten fan de waadstamppot kin oant 12 novimber fia aanmelden@sense-of-place.eu.

Mear ynformaasje is te finen op www.sense-of-place.eu.

novimber 5, 2018 09:27
Skriuw in reaksje

Gjin opmerkingen

Noch gjin opmerkings

Der binne noch gjin opmerkingen, mar jo kinne de earste wêze

Skriuw in reaksje
Sjoch opmerkingen

Skriuw in reaksje

Jo mailadres wurdt net sichtber foar oare besikers fan dit webstee.
As der in stjerke by in hokje stiet, moatte jo dêr wat ynfiere.*

This site uses Akismet to reduce spam. Learn how your comment data is processed.