Superierde ûntdutsen op seis ljochtjier fan de ierde

novimber 15, 2018 11:08

Astronomen hawwe in planeet ûntdutsen op seis ljochtjier ôfstân fan de ierde. Hy draait dêr rûntsjes om de Stjer fan Barnard en hat dêrom de namme Stjer fan Barnard b krigen. Dat is publisearre yn it tydskrift Nature.

Ofbylding: Wikipedia/Steve Quirk – publyk domein

De planeet stiet – yn astronomyske termen – krekt wat fierder fuort as de planeet Proxima b, dy’t yn 2016 ûntdutsen waard en om de stjer Proxima Centauri draait. Mei in ôfstân fan wat mear as fjouwer ljochtjier is dat de eksoplaneet dy’t it tichtst by stiet.

Yn tsjinstelling ta Proxima b makket de Stjer fan Barnard b gjin diel út fan in mearfâldich stjerresysteem, in groep stjerren dy’t troch ûnderlinge swiertekrêft byinoar holden wurdt. Hy wurdt dêrom registrearre as de eksoplaneet dy’t it tichtst by stiet en om in inkelfâldige stjer sirkelet.

De Stjer fan Barnard b hat neffens ûndersyk 3,2 kear safolle massa as de ierde en kin dêrmei ta de superierden rekkene wurde. Hy docht 233 dagen oer in rûntsje om syn memmestjer hinne. Dy memmestjer is in saneamde reade dwerch, in lytse, koele stjer dy’t mar in bytsje ljocht jout. Dêrtroch kriget de planeet mar twa persint fan de hoemannichte ljocht en enerzjy dy’t de ierde fan de sinne kriget.

Hoewol’t de ôfstân fan de eksoplaneet ta syn stjer relatyf lyts is, is it der iiskâld. De ûndersikers tinke dat it der -170 graden wêze kin en dat de planeet net gaadlik is foar libben sa’t wy dat kenne. De ûntdekking is it resultaat fan tweintich jier wurk. De trochbraak kaam doe’t mjittings fan ferskate ynstruminten, dy’t keppele binne oan teleskopen oer de hiele wrâld, byinoar foege waarden.

novimber 15, 2018 11:08
Skriuw in reaksje

Gjin opmerkingen

Noch gjin opmerkings

Der binne noch gjin opmerkingen, mar jo kinne de earste wêze

Skriuw in reaksje
Sjoch opmerkingen

Skriuw in reaksje

Jo mailadres wurdt net sichtber foar oare besikers fan dit webstee.
As der in stjerke by in hokje stiet, moatte jo dêr wat ynfiere.*

This site uses Akismet to reduce spam. Learn how your comment data is processed.