Súdwest-Fryslân kiest foar duorsume oplossing yn wetterbou

novimber 17, 2018 09:38

Súdwest-Fryslân kiest foar it werbrûken fan materialen by it ferfangen fan in steger yn Drylts. De gemeente brûkt dêr de peallen en it hout foar fan de remmingswurken by de Wetterpoarte yn Snits dy’t dêr ôfrûne wike weihelle binne. Remmingswurkers binne de peallen dy’t boaten troch in brêge liede. It hout is net gaadlik mear om tsjinst te dwaan as remmingswurk, mar kin wol foar oare doelen brûkt wurde.

Foto: Gemeente Súdwest-Fryslân

Wetterbouwer Stienstra & Van der Wal krige de opdracht yn Drylts in steger te ferfangen, tichtby houtseachmûne De Rat yn ’e stêd. It Dryltster bedriuw stelde foar om dêr âlde materialen foar te brûken. De kosten fan de steger falle dêrtroch tritich persint leger út neffens de offerte mei nije materialen.

It hout wurdt troch De Rat seage ta gaadlike dielen foar de nije steger. By it ferfangen fan de remmingswurken kaam mear hout frij as foar de steger nedich is. Dat hout wurdt opslein, sadat it letter brûkt wurde kin foar oare projekten.

“Súdwest-Fryslân siket by foarkar nei duorsume oplossings en it werbrûken fan materialen”, seit wethâlder Mark de Man. “Wy binne dan ek bliid mei it inisjatyf fan Stienstra & Van der Wal. Op dy manier drage wy ek yn de wetterbou by oan in duorsume gemeente.”

novimber 17, 2018 09:38
Skriuw in reaksje

Gjin opmerkingen

Noch gjin opmerkings

Der binne noch gjin opmerkingen, mar jo kinne de earste wêze

Skriuw in reaksje
Sjoch opmerkingen

Skriuw in reaksje

Jo mailadres wurdt net sichtber foar oare besikers fan dit webstee.
As der in stjerke by in hokje stiet, moatte jo dêr wat ynfiere.*