Strange maatregels by Sinteklaasyntocht

novimber 2, 2018 20:06

Wa’t nei de Sinteklaasyntocht yn Zaandam ta wol, kriget skielk licht it idee dat er op Skiphol is of in rûnlieding kriget troch in kearnsintrale. De gemeente Zaandam wol mei deteksjepoartsjes, fûillearaksjes en kontrôle fan tassen foarkomme dat besikers harren misdrage. Oanmelde demonstranten foar en tsjin Swarte Pyt binne wolkom, mar hja wurde op fêste plakken fier útinoar delset. Flessen en droanen (lytse radiografyske bestjoerbere fleanmasyntsjes) binne strang ferbean.

De demonstranten wurde pleatst yn fekken achter stekken. Hja moatte harren yn it foar oanmelde en hja moatte sels soargje foar befeiligers dy’t de oarder hanthavenje. Drugs en alkohol yn ‘e demonstraasjefekken binne strang ferbean.

novimber 2, 2018 20:06
Skriuw in reaksje

1 opmerking

  1. Rob novimber 3, 11:33

    Altyd leuk, sa’n bernfeest…… It sil my nij dwaan yn hokker jier de earste neonazi’s op 4 mei fan 19:57 oant 19:59 in protestaksje op’e Dam hâlde meie. Respekt is sa 20e ieusk.

Sjoch opmerkingen

Skriuw in reaksje

Jo mailadres wurdt net sichtber foar oare besikers fan dit webstee.
As der in stjerke by in hokje stiet, moatte jo dêr wat ynfiere.*

This site uses Akismet to reduce spam. Learn how your comment data is processed.