Stipe foar jonge boeren

novimber 21, 2018 09:57

Fan 3 desimber oant en mei 8 febrewaris 2019 kinne boeren dy’t net âlder binne as fjirtich jier oanspraak meitsje op de spesjale subsydzjeregeling ‘jonge lânbouwers’. It jild is bedoeld foar it ferduorsumjen fan lânboubedriuwen. Der sit yn Fryslân byinoar € 500.000 yn de pot.

Jonge boeren kinne oant € 20.000 krije foar ynvestearringen yn it ferduorsumjen fan harren bedriuw, dêr’t bioferskaat troch fersterke wurdt of de útstjit fan fersmoargjende stoffen fermindere. Te tinken falt dan oan ‘luchtwaskers’ foar yn it bûthûs. It oanfreegjen fan in bydrage foar in wynturbine is lykwols net mooglik.

Populêre maatregel
De maatregel wurdt dit jier foar de fjirde kear iepensteld en wie foarich jier tige populêr. It giet om in saneamde POP3-maatregel fan it Europeeske subsydzjeprogramma Plattelânsûntwikkeling. Europa en provinsjes lizze dêr mei-inoar jild foar op it kleed.

De subsydzje past yn it provinsjale lânboubelied en de ôfspraken mei it Ryk oer plattelânsûntwikkeling.

Mear ynformaasje is te finen op www.rvo.nl.

novimber 21, 2018 09:57
Skriuw in reaksje

Gjin opmerkingen

Noch gjin opmerkings

Der binne noch gjin opmerkingen, mar jo kinne de earste wêze

Skriuw in reaksje
Sjoch opmerkingen

Skriuw in reaksje

Jo mailadres wurdt net sichtber foar oare besikers fan dit webstee.
As der in stjerke by in hokje stiet, moatte jo dêr wat ynfiere.*

This site uses Akismet to reduce spam. Learn how your comment data is processed.