Spice Girls wer op toernee, mar Posh bliuwt thús

novimber 6, 2018 08:10

Goed seis jier nei harren lêste optreden hawwe de Spice Girls in nije toernee oankundige. Ginger, Baby, Scary en Sporty dogge mei oan de reüny, mar Posh seit earst ôf.

Spice Girls (foto: Wikipedia/travail personnel/Kura.kun – lisinsje CC BY-SA 3.0)

Takom jier juny stean de Britske sjongeressen wer op it poadium yn it Feriene Keninkryk. Nederlânske fans sille derfoar op reis moatte, der stean gjin optredens yn it bûtenlân op de aginda. De band makke it nijs moandeitemiddei buorkundich op Facebook en Twitter.

De fammegroep skoarde yn de jierren 90 wrâldwiid ferskate nûmer 1-hits, lykas Wannabe. De groep ferkocht tsientallen miljoenen albums en makke de term girl power populêr. Earder dit jier joegen de froulju al hints dat in nije reüny op komst wie. Victoria Beckham seach úteinlik fan dielname oan de nije toernee ôf, fanwege de ferantwurdlikheden foar har moadebedriuw, seit de band.

Yn 2000 gie de súksesfolle groep útinoar. Dêrnei wie der yn 2007-2008 in reünytoer. Yn 2012 stiene alle sjongeressen foar it lêst mei-inoar op it poadium by de Olympyske Spullen yn Londen.

novimber 6, 2018 08:10
Skriuw in reaksje

Gjin opmerkingen

Noch gjin opmerkings

Der binne noch gjin opmerkingen, mar jo kinne de earste wêze

Skriuw in reaksje
Sjoch opmerkingen

Skriuw in reaksje

Jo mailadres wurdt net sichtber foar oare besikers fan dit webstee.
As der in stjerke by in hokje stiet, moatte jo dêr wat ynfiere.*

This site uses Akismet to reduce spam. Learn how your comment data is processed.