Sorbyske minderheid hat no eigen parlemint

novimber 26, 2018 22:04

Dútslân mei it gebiet dêr’t Sorbysk praat wurdt (read)

Krekt lykas de Lappen of Samen yn Noard-Skandinavië hat it Sorbyske folk yn East-Dútslân no ek in eigen parlemint. Elkenien dy’t himsels as Sorb beskôget, koe in stim útbringe foar it parlemint. Ferline wike waarden de 24 leden yn it doarp Schleife/Slepo beneamd. It Sorbyske parlemint hat de namme Serbski Sejm krige.

De Sorben binne de oarspronklike bewenners fan East-Dútslân. Op it stuit binne der sa’n sechtichtûzen Sorben, dy’t it yn twa dialekten ferdielde Sorbysk prate. Dat is in Slavyske taal dy’t besibbe is oan it Poalsk en Tsjechysk dat oarekant de grins praat wurdt.

Op de ferkiezings wie in protte kommentaar, om’t de kulturele organisaasje Domowina altyd wurdfierder fan de Sorben wie. Dy wie lykwols net keazen. Neffens de Sorbyske parlemintariër Martin Schneider wol it Sorbyske parlemint ek gjin konkurrinsje fan de Domowina wêze. Hy seit dat it parlemint gjin Sorbyske lessen op ‘e beukerskoalle of dûnsfeesten organisearje wol, mar derfoar soargje wol dat der foldwaande politike stipe is om soks dwaan te kinnen. Fierders wol it Sorbyske parlemint dat de Sorben op it mêd fan ûnderwiis en kultuer autonomy kriget.

De 24 parlemintsleden binne keazen troch 1300 minsken. Dy foarmje mar in lytse minderheid fan de totale Sorbyske befolking. Dat komt ûnder oaren trochdat net alle Sorben it parlemint in goed idee achtsje. It hat gjin offisjele status.

novimber 26, 2018 22:04
Skriuw in reaksje

1 opmerking

  1. greate redbad pier novimber 27, 01:03

    werom hat fryslan dit net

Sjoch opmerkingen

Skriuw in reaksje

Jo mailadres wurdt net sichtber foar oare besikers fan dit webstee.
As der in stjerke by in hokje stiet, moatte jo dêr wat ynfiere.*

This site uses Akismet to reduce spam. Learn how your comment data is processed.