Soarchpreemjes bekend: priisferskillen hieltyd grutter

novimber 13, 2018 16:30

Mear as de helte fan de soarchfersekerders hat de preemjes foar de soarchfersekeringen fan 2019 bekendmakke. Uterlik moandei 12 novimber, om 12 oere nachts moatte alle preemjes bekend makke wêze. Mei 59% fan alle preemjes bekend, makket Independer – op grûn fan syn datamonitor soarchfersekeringen – de balâns op. Op it stuit leit de trochsneed preemjestiging op € 6,77 yn ’e moanne. De preemjestigingen rinne bot útinoar, fan 2,5% oant 10%. De ferskillen tusken soarchfersekeringen wurde dus grutter. Dêrtroch falt der foar de konsumint mear te kiezen. 

Sawat 300 euro besparje troch foar natura te kiezen
It is oan te rieden om goed út te sykjen hokker type poalis it bêste by jin past. Sa biedt bygelyks in restitúsjefersekering in wat gruttere karfrijheid fan soarchoanbieders as natura. Dat is wol noflik as men in soad soarch nedich is, mar dat jildt net foar elkenien. Wa’t goed siket fynt in natura soarchfersekering wêrby’t er foar alle basissoarch by alle sikehuzen yn Nederlân terjocht kin, lykas de Basis Voordelig fan Menzis. Ferliket men dy mei de restitúsjefersekering fan Zilveren Kruis, dan is it ferskil mar leafst 297 euro yn it jier. Dêr is winst út te heljen, benammen as men in grutte húshâlding hat mei bern âlder as 18.

De preemjes foar de (goedkeapere) ynternetpoalissen komme tradisjoneel let yn de jûn, flak foar it ferrin. Coen de Ruiter, direkteur fan Independer: “As dy ynternetlabels krekt sa skerp prize bliuwe as yn foargeande jierren, dan sille de preemjeferskillen tusken alle soarchfersekeringen noch folle mear útinoarrinne as foarhinne.”

Datamonitor Independer hâldt alle wizingen direkt by
Independer ûntwikkele in online datamonitor dy’t alle wizigingen yn de soarchfersekering foar 2019 byhâldt. Sa kin elkenien fluch sjen mei hokker bedraggen de preemjes fan de ferskillende soarchfersekerders omheech gien binne.

In folslein oersicht fan alle preemjes en oare wizigingen is te besjen op de Datamonitor fan Independer: https://www.independer.nl/zorgverzekering/info/datamonitor

novimber 13, 2018 16:30
Skriuw in reaksje

Gjin opmerkingen

Noch gjin opmerkings

Der binne noch gjin opmerkingen, mar jo kinne de earste wêze

Skriuw in reaksje
Sjoch opmerkingen

Skriuw in reaksje

Jo mailadres wurdt net sichtber foar oare besikers fan dit webstee.
As der in stjerke by in hokje stiet, moatte jo dêr wat ynfiere.*

This site uses Akismet to reduce spam. Learn how your comment data is processed.