Skotten solidêr mei Katalanen

novimber 5, 2018 00:12

De brêgen yn de Skotske stêd Glasgow binne de ôfrûne dagen giel kleure. Tûzenen Skotten hawwe giele lintsjes oan ‘e stekken op ‘e brêgen bûn. De lintsjes hawwe de kleur fan ‘e Katalaanske flagge. Op guon steane teksten lykas ‘Wy stypje Kataloanië’.

De lintsjes binne in reaksje op it beslút fan it Spaanske Iepenbier Ministearje om hege finzenisstraffen te easkjen tsjin de Katalaanske politisy dy’t ferline jier meiwurke hawwe oan it referindum oer ûnôfhinklikens. In mearderheid fan ’e Katalanen keas doe foar ôfskieding fan Spanje, mar it Spaanske regear griep yn en naam de macht oer.

De pro-Katalaanske Catalan Defence Committee Glasgow hie oproppen ta de lintsje-aksje. In wurdfierder seit: “Wy hoopje dat troch ús aksje mear minsken yn ’e rekken krije dat de demokratyske rjochten yn Kataloanië ûnder druk steane. Dat jildt ek foar it rjocht op selsbestimming, dêr’t wy yn Skotlân gebrûk fan meitsje koene.”

novimber 5, 2018 00:12
Skriuw in reaksje

Gjin opmerkingen

Noch gjin opmerkings

Der binne noch gjin opmerkingen, mar jo kinne de earste wêze

Skriuw in reaksje
Sjoch opmerkingen

Skriuw in reaksje

Jo mailadres wurdt net sichtber foar oare besikers fan dit webstee.
As der in stjerke by in hokje stiet, moatte jo dêr wat ynfiere.*

This site uses Akismet to reduce spam. Learn how your comment data is processed.