“Sjong in nij liet” fan Grytsje Kingma

novimber 21, 2018 07:00

Sneon 1 desimber sil sjongeres en lietskriuwer Grytsje Kingma fan Sint-Jânsgea har tredde cd presintearje. Dy hat de namme ‘Sjong in nij liet’. 

Op dy skiif steane tolve Fryske geastlike lieten, oerset troch har goede freon Atze Bosch, dy’t yn 2011 ferstoarn is. De cd is in earbetoan en oantins oan him.

De presintaasje is op sneontemiddei 1 desimber om 15.30 oere op It Hearrenfean yn de Goede Hoedertsjerke, Alde Feanskieding 15.

Mei begelieding fan de musisy dy’t ek op de cd spylje, sil se in tal lieten fan de cd sjonge. Fierder sil se oan ’e hân fan film en foto’s wat fertelle oer it ûntstean fan de cd. It earste eksimplaar wurdt oanbean oan famylje fan Atze Bosch. Nei ôfrin, likernôch healwei fiven, is der gelegenheid om de cd te keapjen en noch wat noflik nei te praten, by in hapke en in drankje.

Elkenien is wolkom en de tagong is fergees.
Parkeartip: winkelsintrum De Greiden, Jisterplein (8446 SC). 

Sjoch ek: youtu.be/tqj0PWAKcb4.

novimber 21, 2018 07:00
Skriuw in reaksje

Gjin opmerkingen

Noch gjin opmerkings

Der binne noch gjin opmerkingen, mar jo kinne de earste wêze

Skriuw in reaksje
Sjoch opmerkingen

Skriuw in reaksje

Jo mailadres wurdt net sichtber foar oare besikers fan dit webstee.
As der in stjerke by in hokje stiet, moatte jo dêr wat ynfiere.*