Sense of Place beljochtet boerelibben by de Waadkust lâns

novimber 22, 2018 10:02

Kampanjebyld Bildtstars en Borgers – fotograaf: Linette Raven

Woansdei 28 novimber set yn en om Blije hinne it Sense of Place-projekt ‘Bildtstars en Eigenheimers’ útein, in rûte by ymposante fotoportretten fan ierappelboeren yn Noardeast-Fryslân lâns. De metershege portretten fan fotograaf Linette Raven binne te sjen op muorren en skuorren fan boerepleatsen midden yn it ierappellânskip.

Ierappeliter moetet ierappelkweker
Mei ‘Bildtstars en Eigenheimers’ bringt Sense of Place ierappeliter en ierappelkweker – konsumint en produsint – opnij mei-inoar yn kontakt. De portretten meitsje de ierappelboeren sichtber yn harren eigen omjouwing en jouwe de taskôger ynsicht yn it ferhaal efter de ierappel op syn of har panne. It projekt bringt de wikselwurking tusken lânskip en minske foar de oandacht. Fotograaf Linette Raven portrettearre alle boeren – bytiden allinnich, oars mei de húshâlding – neffens de ûntwerpfyzje ‘It lânskip is de minsken en de minsken binne it lânskip.’ Dy fyzje is hiel passend foar de Waadkust, dêr’t it ferbouwen fan ierappels it karakter fan it lânskip bepaalt.

It projekt fan Biltstars en Borgers kriget yn ’e maitiid in ferfolch: “Op 28 novimber presentearje we de earste tsien mega-portretten fan lokale ierappelboeren”, fertelt projektlieder Wendy Gooren. “Yn 2019 komme der noch mear portretten by de Waadkust lâns, fan noardeastlik Fryslân hielendal oant yn Grinslân en Dútslân. Dy bliuwe jierrenlang stean; oan ’e hân fan de Fryske rûteapp kinne minsken se op eigen gelegenheid besjen.”

Portretten yn byld en lûd fia de app Rûten Fryslân Style
De rûte by de earste tsien portretten lâns is fan 28 novimber ôf te krijen op in rûtekaart en fergees del te laden fan www.friesland.nl/app. De rûte wiist de wei by de foto-ynstallaasjes fan Hallum oant Anjum lâns en omfiemet audioportretten fan alle dielnimmende boeren. Yn de audioferhalen – dy’t fia de app te beharkjen binne – fertelle de boeren mear oer harren wurk, it libben, it lânskip en de leafde foar de ierappel.

Moeting boeren en klimaatferoaring
De ôftraap fan it projekt falt gear mei de lêste aktiviteit fan ‘Leven onder aan de dijk’ yn en om Blije hinne. De hiele moanne novimber organisearret Sense of Place dêr eksposysjes en moetingen. Woansdei 28 novimber is de lêste moeting fan dat programma mei as tema ‘boeren en klimaatferoaring’. Sprekkers binne ûnder oaren Titian Oterdoom (Programma nei in rike Waadsee) en Tineke de Vries (LTO Noord en Potato Valley). Elkenien is wolkom.  Oanmelde kin fia aanmelden@sense-of-place.eu. De gearkomste begjint om 15.00 oere yn de Sint-Niklaastsjerke, Foarstrjitte 3, Blije.

Mear ynfo is te finen op www.sense-of-place.eu.

novimber 22, 2018 10:02
Skriuw in reaksje

Gjin opmerkingen

Noch gjin opmerkings

Der binne noch gjin opmerkingen, mar jo kinne de earste wêze

Skriuw in reaksje
Sjoch opmerkingen

Skriuw in reaksje

Jo mailadres wurdt net sichtber foar oare besikers fan dit webstee.
As der in stjerke by in hokje stiet, moatte jo dêr wat ynfiere.*