Selsridende auto’s, hoe wurdt dat?

novimber 5, 2018 10:15

Tesla S mei autopiloatfunksje (foto: Wikipedia/Jusdafax)

Produsinten hawwe dêr grif al moaie ferhalen oer skreaun, mar lit no my as âld-elektroanikus it ekris besykje. Lêsten haw ik al yn sa’n auto sitten dy’t ôfremmet as jo te ticht by in foarlizzer komme. En hy joech ek in pyptoan as er oer de sydstreek ried. Op basis fan sokke sinjalen kin grif wol in programma foar in selsrider makke wurde.

Alderearst meie jo fansels gjin fuotgongers en fytsers oanride, dat dy krije praktysk frij oerstekken. No waard dat ek wol tiid, mar it kin ek te mâl gean, dat dêr moatte dan regels foar komme. En in mûs moat er mar net foar remje, en foar in kat miskien allinne mar yn ‘e buorren.

En as it dan allegearre sa goed rint, dan kinne dy auto’s yn ‘e file ek wol wat tichter efterinoar, fral as dan it sinjaal fan de foarste oan de hiele file trochjûn wurdt. Dêrmei is sa’n file dan praktysk itselde as in trein. Tink ris ta wat in ferlichting fan it wegegebrûk dat jaan sil. De files wurde folle koarter en de reaksjes binne folle better opinoar ôfstimd. En it ferskil mei in trein is, dat auto’s by in ôfslach út ‘e file ôfslaan of ynfoegje kinne.

En wa binne dan de klanten? Dan tinke wy fansels oan de 90-plussers en oare minsken dy’t sels net (mear) ride kinne. Mar ferjit net dy jonge ‘eppers’ fan tsjintwurdich! En wat kin der al net in administraasje- en stúdzjewurk dien wurde as josels net mear oan it stjoer hoege! (Yngripe by automatyske bestjoering liket my ek net ferstannich).

In grut foardiel is ek, dat sa’n auto himsels parkeare kin. Jo stappe foar de winkeldoar út en de auto rêdt himsels. Binne jo dêr klear, dan efkes in drukje op ‘e smartfoan, en dêr is er wer! Yn ‘e grutte stêden kin men sa ek gâns op parkearplakken besparje, troch sa’n auto mei oaren te dielen of troch in dan tige fleksibel en goedkeap taksysysteem.

Dat liket dus net sa min. En de feiligens sil ek wol gau better wurde as mei ús riders fan fleis en bloed. As se dan mar net begjinne te riden op iepenbiere wegen, foar’t it goed feilich befûn is!

Pyt

novimber 5, 2018 10:15
Skriuw in reaksje

Gjin opmerkingen

Noch gjin opmerkings

Der binne noch gjin opmerkingen, mar jo kinne de earste wêze

Skriuw in reaksje
Sjoch opmerkingen

Skriuw in reaksje

Jo mailadres wurdt net sichtber foar oare besikers fan dit webstee.
As der in stjerke by in hokje stiet, moatte jo dêr wat ynfiere.*

This site uses Akismet to reduce spam. Learn how your comment data is processed.