Riedsleden Lelystêd tinke oan blokkearjen fan A6 om útklaaien sikehûs

novimber 21, 2018 08:00

Riedsleden út Lelystêd binne teloarsteld dat der yn harren stêd gjin folweardich sikehûs bliuwe kin yn de neisleep fan it fallisemint fan it MC IJsselmeerziekenhuis.

Foto: pixabay.com

Tiisdei skreau minister Bruins oan de Twadde Keamer dat it him net slagge is om de ôfdielingen driuwende help en ferloskunde iepen te hâlden. Dat hat neffens him te krijen mei in tekoart oan spesjalisten en spesjalisearre ferpleechkundigen yn ’e regio. De ried yn Lelystâd is foaral teloarsteld dat de minister koart nei it fallisemint it iepenhâlden fan de akute soarch yn Lelystêd noch in betingst neamde, mar dat letter ôfswakke.

De ûnderhannelings oer in trochstart rinne noch, mar as dêr net genôch útkomt wolle guon riedsleden yn aksje komme. Jack Schoone fan de grutste opposysjepartij Leefbaar Lelystad neamt op Twitter it blokkearjen fan de A6. Tsjin Omrop Flevolân sei Schoone dat dy tweet serieus bedoeld wie. “Der wurdt no noch ûnderhannele, mar as it nedich is, meie wy bêst wolris dwers wêze. Soms moat men in risiko nimme.” Riedslid Meta Jacobs fan koälysjepartij VVD slút har dêrby oan: “Wy moatte elkenien wekker skodzje.” Sy jout oan dat se partijgenoat Bruins graach oan syn belofte hâlde wol.

novimber 21, 2018 08:00
Skriuw in reaksje

Gjin opmerkingen

Noch gjin opmerkings

Der binne noch gjin opmerkingen, mar jo kinne de earste wêze

Skriuw in reaksje
Sjoch opmerkingen

Skriuw in reaksje

Jo mailadres wurdt net sichtber foar oare besikers fan dit webstee.
As der in stjerke by in hokje stiet, moatte jo dêr wat ynfiere.*