Requiem Mozart yn de Sint-Piter te Grou
Resint ferskynd
Snein 25 novimber 2018 sil yn de Sint Pitertsjerke fan Grou it Requiem fan Wolfgang Amadeus Mozart útfierd wurde. Lykas op in soad oare plakken wurdt op dy lêste snein fan it tsjerklik jier stilstien by de ferstoarnen fan it ôfrûne jier. Mozarts Requiem mei syn ynkringende lûden, meldijen en wurden jouwe nettsjinsteande twivel en fertriet ek treast en hoop.
Mozart skreau dit oer de hiele wrâld ferneamde requiem koart foardat er sels stoar, op 5 desimber 1791, 35 jaar âld. Hy wie der noch net hielendal klear mei, mar hy hie genôch sketsen en oantekeningen neilitten om it foar syn âld-learling, freon en kollega Franz Süsszmayer mooglik te meitsjen om it ôf te meitsjen.
Foarôfgeand oan it Requiem wurde it Laudate Dominum en it Ave Verum Corpus útfierd, beide ek fan Mozart.
De útfierenden binne it koar Hortus Vocalis út It Hearrenfean, Gudrun Sidonie Otto (sopraan), Eske Tibben (alt), Maarten Romkes (tenoar), Bas van de Wetering (bas) en Carl Visser (oargel). It gehiel stiet ûnder lieding fan Gerben van der Veen.
De útfiering begjint om 16.00 oere.
De tagong kostet € 13,00.
Kaarten reservearje kin fia sintpiterconcerten@gmail.com
Der binne noch gjin opmerkingen, mar jo kinne de earste wêze
Skriuw in reaksje