Reaksje op Sylvia Witteman: de skiednis fan ‘Zwarte Piet ging uit fietsen’

novimber 27, 2018 09:50

Troch Henk Wolf

‘Zwarte Piet ging uit fietsen’ is op it stuit grif ien fan ‘e bekendste sinteklaasferskes. Heel âld is it lykwols noch net. Sylvia Witteman skriuwt der hjoed oer yn har daaglikse snipel yn de Volkskrant. Se seit dêre: “Het is een relatief nieuw sinterklaasliedje. Ik was, denk ik, een jaar of 12 toen ik het voor het eerst hoorde.” (De snipel fan Sylvia Witteman stiet hjirre.)

Wat Sylvia Witteman foar it neist net wit, is dat der om it ûntstean fan it ferske in pear jier lyn heel wat te rêden wie. Doe besocht de Grinslânske Joke van der Ven nammentlik om de auteursrjochten op it ferske fêst te lizzen. Se wie der fêst fan oertsjûge dat se de tekst yn 1973 betocht hie, mei in kollega, yn in tiid dat se as ûnderwizeres op in skoalle yn Mijdrecht wurke. De auteursrjochteclaim krige doe wat omtinken yn ‘e Fryske media. Yn it Frysk bestiet it ferske nammentlik al folle langer.

Ien fan ‘e minsken dy’t doe reagearren, wie Pieter Duijff fan de Fryske Akademy. Yn de Ljouwerter Krante fan 3 desimber 2015 wurdt er oanhelle mei de útspraak: “Ik wit dat ik it fan us mem leard ha, en dy wie fan 1922. En hjir sit in nustje kollega’s dy’t it ek al fan folle earder kinne.” Duijff wiist derop dat it ferske al yn ‘e Ljouwerter Krante fan 27 maart 1954 stie, allinne wie it doe net Swarte Pyt dy’t te fytsen soe, mar ‘Baes Klomp’, mei ‘in spikergatsje’ yn ‘e bân.

Ik kin sels in justjes oare ferzje, ek as bern fan ús mem leard, mei as earste rigel ‘Klaas Klomp soe te fytsen’. Ik wit noch dat myn âldere famyljeleden fan in fytsende pyt net folle ha moasten. ‘Klaas Klomp’ wie it, net oars. En hy hie ek net in pipernútsje of in spikergatsje yn ‘e achterste bân, mar ‘in blaukopspikerke’.

It artikel yn ‘e Ljouwerter fan 2015 seit Joke van der Ven dat se troch it nijs út Fryslân wat fan ‘e wiis wie en dat psycholooch Douwe Draaisma, bekend fan syn boeken oer it ûnthâld, him oer de saak bûgd hie. Se seit: “Misschien hebben mijn collega of ik het Friese liedje toch ooit ergens gehoord. Ik kan het me alleen nauwelijks voorstellen, want ik had in die tijd geen band met het Noorden. Maar ik wacht even met die claim.”

novimber 27, 2018 09:50
Skriuw in reaksje

Gjin opmerkingen

Noch gjin opmerkings

Der binne noch gjin opmerkingen, mar jo kinne de earste wêze

Skriuw in reaksje
Sjoch opmerkingen

Skriuw in reaksje

Jo mailadres wurdt net sichtber foar oare besikers fan dit webstee.
As der in stjerke by in hokje stiet, moatte jo dêr wat ynfiere.*