Provinsje Fryslân: fan 2021 ôf sterk en fleksibel kultuerbelied

novimber 10, 2018 10:35

Oanslute by de krêft en de ideeën út it fjild wei, fierder bouwe op de resultaten fan Ljouwert-Fryslân 2018 en mear romte foar ynnovaasje en nij talint. Sa wol de provinsje Fryslân yn de nije beliedsperioade fan 2021 ôf foar in sterk en fleksibel kultuerbelied yn Fryslân soargje.

Deputearre Poepjes: “Fryslân kin in soad. Us provinsje barst fan de kreativiteit, it talint en de enerzjy. Dêr wolle wy better op ynspylje kinne. Wy koesterje wat troch de kulturele organisaasjes al berikt is. Dêrom wolle wy trochgean mei wat wurket en dêrby nije ûntwikkelingen stimulearje. Mei dy weroriïntaasje skeppe wy dêr rânebetingsten foar.”

Kritearia
De notysje ‘Kultuer oan ’e Kime’ beskriuwt de doelen, betingsten en kritearia foar it nije kultuerbelied. Yn de besteande situaasje binne der gjin dúdlike kritearia om fêst te stellen hokker kulturele ynstellingen in mearjierrige subsydzje krije. It budzjet foar kultuerbelied leit ek foar in grut part fêst troch mearjierrige subsydzjeôfspraken. Dat beheint de fleksibiliteit.

Gearwurking
Kulturele organisaasjes wiene nau by it ta stân kommen fan it útstel behelle. Dat barde troch wurksesjes, in mienskiplike dei oer Aginda2028, gearkomsten en petearen. Begjin 2018 hat in tal kulturele spilers in kearngroep foarme; dêr is it hiele jier troch geregeld mei oerlein.

Utfieringsstruktuer
Op basis fan alle ûntwikkelingen, de resultaten fan LF2018 en de ynbring út it kulturele fjild wei, makke de Provinsje in ûntwerp foar in nije útfieringsstruktuer foar it kultuerbelied. Dat bestiet út fjouwer ûnderdielen: keunst, erfgoed, taal en programmalinen. Yn it ûnderdiel keunst kiest de Provinsje foar popkultuer en (lokaasje)teäter. Dy twa ûnderskiede en manifestearje harren yn Fryslân sterk. Yn it ûnderdiel erfgoed bringt de Provinsje musea, argiven en erfgoed byinoar yn ien belied. Taal beneamt de Provinsje as ambysje om taal en meartaligens as ynspiraasjeboarne foar keunst en kultuer fierder te stimulearjen. In sprekkend foarbyld dêrfan is Lân fan Taal. Fia de programmalinen wol de Provinsje fleksibel ynspylje kinne op de krêft en de ideeën út it kulturele fjild wei. De programmalinen geane oer saken as grutskalige kulturele produksjes, fernijing & eksperimint, taal & identiteit en kulturele inisjativen út ’e mienskip wei. Dy ûnderwerpen hawwe in sterke ferbining mei de ambysjes fan Aginda2028, it erfskip fan LF2018.

Unôfhinklike beoardieling
Yn it nije kultuerbelied wol de Provinsje subsydzje-oanfragen fan kulturele organisaasjes ynhâldlik beoardielje litte troch ien of mear ûnôfhinklike advyskommisjes. Dat slút oan by de wurkwize fan it ministearje fan Underwiis, Kultuer en Wittenskip en alle oare provinsjes. Yn de hjoeddeistige wurkwize beoardielet de provinsje Fryslân de oanfragen noch sels.

Tiidpaad
De tarieding foar de weroriïntaasje komt yn it besteande belied ta stân. It nije belied giet fan 2021 ôf yn. Uterlik begjin 2020 komt der in útstel oan Provinsjale Steaten mei in fierdere útwurking fan de betingsten en de finansjele dekking fan it nije kultuerbelied.

It útfieringsprogramma Kultuer oan ’e Kime en it útstel oan Provinsjale Steaten is op www.fryslan.frl/… yn te laden.

novimber 10, 2018 10:35
Skriuw in reaksje

Gjin opmerkingen

Noch gjin opmerkings

Der binne noch gjin opmerkingen, mar jo kinne de earste wêze

Skriuw in reaksje
Sjoch opmerkingen

Skriuw in reaksje

Jo mailadres wurdt net sichtber foar oare besikers fan dit webstee.
As der in stjerke by in hokje stiet, moatte jo dêr wat ynfiere.*

This site uses Akismet to reduce spam. Learn how your comment data is processed.