Provinsjale kampanje kiest foar Fryske muzikanten

novimber 22, 2018 15:51

foto beskikber steld troch Provinsjale Steaten

Muzikale modellen meie harren melde foar de provinsjale ferkiezingskampanje foar 2019. Provinsje Fryslân siket modellen út de mienskip foar de posters, flyers, advertinsjes en commercials dy’t fan febrewaris ôf yn Fryslân te sjen binne. De ferkiezingen foar Provinsjale Steaten binne op 20 maart 2019.

Stim. Foar dyn lûd
De kampanjeslogan is Stim. Foar dyn lûd. Foar it kampanjebyld wurde Friezen dy’t in muzykynstrumint bespylje, útnûge om harren as fotomodel oan te melden. In ynstrumint moat stimd wurde om sa suver mooglik heard te wurden; dat as parallel mei it útbringen fan in stim yn ferkiezingstiid. Underfining mei modellewurk of fotografy is net nedich. Sawol berops- as amateurmuzikanten wurde frege.

Meidwaan
De dielnimmers wurde yn ûnderskate setttingen dy’t mei it belied fan de provinsje te krijen ha, mei harren ynstrumint op ‘e foto set. De kampanje foar de Steateferkiezing hat dêrmei autentike, ‘echte’ gesichten foar de uteringen; de muzikanten hawwe in bysûndere ûnderfining en unyk byldmateriaal, en hja drage harren stientsje by oan de werkenberens fan de ferkiezingen.

Elk mei in muzykynstrumint kin him of har oanmelde; in stikmannich modellen wurde troch de fotograaf en it kampanjetiim selektearre foar de profesjonele photoshoot. Dêrby wurdt sjoen nei fariaasje yn persoanen en yn ynstruminten.

Meidwaan kin oant 14 desimber, mei it oanmeldformulier op www.fryslan.frl/ferkiezings2019.

novimber 22, 2018 15:51
Skriuw in reaksje

Gjin opmerkingen

Noch gjin opmerkings

Der binne noch gjin opmerkingen, mar jo kinne de earste wêze

Skriuw in reaksje
Sjoch opmerkingen

Skriuw in reaksje

Jo mailadres wurdt net sichtber foar oare besikers fan dit webstee.
As der in stjerke by in hokje stiet, moatte jo dêr wat ynfiere.*

This site uses Akismet to reduce spam. Learn how your comment data is processed.