Proef mei hurdfarren op de Burgumer Mar

novimber 9, 2018 10:00 Fernijd

Burgumer Mar (foto Wikipdy)

Der komt in proef mei hurdfarren op de Burgumer Mar. Dêr spilet de provinsje Fryslân mei yn op ûntjouwingen yn de wettersport yn noardeastlik Fryslân. Ut in ûndersyk komt de Burgumer Mar as de gaadlikste lokaasje nei foaren. De proef duorret twa jier en moat mear kennis opleverje oer de effekten. De provinsje stelt dêr 70.000 euro foar beskikber.

It inisjatyf ta it hurdfarren komt út de mienskip. It doel is om de wettersport yn Fryslân foar oare doelgroepen oantrekliker te meitsjen. Deputearre Klaas Kielstra: “Mear libbenens op de Burgumer Mar kin in posityf effekt hawwe op de ekonomyske ûntjouwing yn dy regio. Feiligens, natuer en lûd bliuwe oandachtspunten.”

Willesporten
It hurdfarren moat in ympuls jaan oan oare willesporten lykas wakeboarden, wetterskyen, monoskyen, kneeboarden en fun tubing (mei in ringbân of banaan efter de boot). Jetskys en wetterskooters binne mei klam net winsklijk.

Provinsje, gemeente Tytsjerksteradiel en belutsenen bepale mei-inoar hoe‘t de proefperioade derút komt te sjen. It giet dan om fragen as wêr’t it hurdfargebiet komt te lizzen en hokker foarmen fan wettersporten tastien wurde. It hanthavenjen, kontrolearjen en evaluearjen komme ek oan bod. Der moat ek rekken holden wurde mei rekreanten, omwenners en de natuer.

Betingsten
De maksimale faasje op de Burgumer Mar is no seis kilometer yn ’e oere. Yn de hurdfarsône meie leafhawwers hurder as tweintich kilometer yn ’e oere. Tytsjerksteradiel stelde earder betingsten oan it hurdfarren om de gefolgen foar natuer en omjouwing safolle mooglik te beheinen.

Sa’t it no liket, beslute Provinsjale Steaten op 19 desimber 2018 oer de proef. Begjin 2019 folget de fierdere ynfolling mei belutsenen. Deputearre Steaten nimme nei ferwachting yn maart 2019 in definityf beslút oer de proef. It stribjen is om der yn ‘e simmer fan 2019 mei útein te setten.

novimber 9, 2018 10:00 Fernijd
Skriuw in reaksje

Gjin opmerkingen

Noch gjin opmerkings

Der binne noch gjin opmerkingen, mar jo kinne de earste wêze

Skriuw in reaksje
Sjoch opmerkingen

Skriuw in reaksje

Jo mailadres wurdt net sichtber foar oare besikers fan dit webstee.
As der in stjerke by in hokje stiet, moatte jo dêr wat ynfiere.*

This site uses Akismet to reduce spam. Learn how your comment data is processed.