Produsint film ‘Redbad’ easket twa ton fan YouTube

novimber 29, 2018 12:14

www.redbaddefilm.nl

De produsint fan de Nederlânske film Redbad, Produksjehûs Farmhouse TV & Film, hat YouTube opdroegen om twa ton te beteljen foar it yllegaal fersprieden fan de film. De film oer de Fryske kening, dy’t ôfrûne simmer yn de bioskopen draaide, waard de ôfrûne wiken in heal miljoen kear besjoen op YouTube.

YouTube hie reklameblokken oan de film linkt en krige sa ynkomsten troch de fertoaning. De webside stelt allinnich mar host te wêzen en der neat oan dwaan te kinnen as brûkers yllegale films ferspriede. Produsinten kinne har melde as sy konstatearje dat ynhâld ferspraat wurdt. Dan wurdt de film fuorthelle. Eventuele opbringsten út de reklames wurde neffens in wurdfierder fan YouTube dield mei de filmmakkers.

novimber 29, 2018 12:14
Skriuw in reaksje

Gjin opmerkingen

Noch gjin opmerkings

Der binne noch gjin opmerkingen, mar jo kinne de earste wêze

Skriuw in reaksje
Sjoch opmerkingen

Skriuw in reaksje

Jo mailadres wurdt net sichtber foar oare besikers fan dit webstee.
As der in stjerke by in hokje stiet, moatte jo dêr wat ynfiere.*