Piloat mei fleaneangst hat ûnterjochte dien krigen

novimber 12, 2018 09:05

In Britske piloat mei fleaneangst hat ûnterjochte dien krigen toch syn wurkjouwer. De rjochter oardielet dat loftfeartmaatskippij Flybe mear dwaan moatten hie om de man te reyntegrearjen.

Foto: morguefile.com

De piloat fleach al sân jier koarte flechten foar it bedriuw doe’t er yn 2014 op langere flechten yndield waard. Op in flecht nei Florence gie it mis: hy waard mislik en dwyl. Yn de moannen dêrnei hie de man hieltyd it gefoel dat der wat misgean soe as er wer fleane moast. Hy hie lêst fan pinebúk, hertkloppings en panykoanfallen. By langere ôfstannen hie er it gefoel opsletten te sitten yn it tastel.

Nei’t er in skoft siik thús sitten hie, besocht de man ûnder begelieding it fleanen wer op te pakken. De problemen kamen lykwols werom. Doe’t er him op 17 juny 2016 wer siik melde, waard er definityf útroastere en krige er dien. De rjochter fynt dat Flybe mear dwaan moatten hie om de man te begelieden. It ienfâldige advys om mar in boek te lêzen of in krúswurdpuzel te dwaan om de oandacht ôf te lieden, fûn er net foldwaande. De liedingjaande dy’t besleat de man dien te jaan hie ek mei de man prate moatten.

Neffens de rjochter kin de piloat oar wurk dwaan by Flybe, bygelyks op de koartere ôfstannen dêr’t er gjin probleem mei hie. Hy soe ek weromkomme kinne yn in funksje op ’e grûn. As it bedriuw der binnen in moanne net útkomt mei de piloat, bepaalt de rjochter hoe’t de saak ôfhannele wurde moat.

novimber 12, 2018 09:05
Skriuw in reaksje

Gjin opmerkingen

Noch gjin opmerkings

Der binne noch gjin opmerkingen, mar jo kinne de earste wêze

Skriuw in reaksje
Sjoch opmerkingen

Skriuw in reaksje

Jo mailadres wurdt net sichtber foar oare besikers fan dit webstee.
As der in stjerke by in hokje stiet, moatte jo dêr wat ynfiere.*

This site uses Akismet to reduce spam. Learn how your comment data is processed.