Pachtsjen wurdt griener en giet digitaal

novimber 21, 2018 10:08

It pachtbelied fan de provinsje Fryslân wurdt griener. Fan 2019 ôf sil it ynskriuwen foar in part fan de perselen digitaal dien wurde kinne. It nije belied is in útwurking fan in moasje fan Provinsjale Steaten. De provinsje ferpachtet alle jierren sa’n 1800 bunder grûn. De wiziging yn it pachtbelied jildt foar besteande en nije pachters.

It nije pachtbelied stelt ekstra betingsten oan it gebrûk fan de perselen. Dat is om it bioferskaat te fersterkjen en de duorsumens te befoarderjen. De Provinsje wol de boeren dêrmei sels it goede foarbyld jaan. Foar de boeren is dat in ekstra stimulâns. In part fan de perselen wurdt in 2019 fia ynternet tawiisd.

Digitaal ynskriuwe
Boeren dy’t dêr gading oan meitsje, kinne aanst fia de webside www.pachtgrond.frl ynskriuwe op de perselen dy’t de Provinsje oanbiedt. Foar elk perseel jilde oare betingsten. Ynskriuwingen wurde beoardiele oan ’e hân fan duorsumenssertifikaten. Mei dy sertifikaten kinne boeren/gadingmakkers oantoane hoe duorsum oft harren bedriuwsfiering is. Der wurdt ek rekken holden mei in ôfstânskritearium, in perseel mei net fierder as fiif kilometer fan it bedriuw ôf lizze. Op basis fan duorsumens en it ôfstânskritearium wurde de perselen tawiisd. De tawizing fan de perselen dy’t nedich binne yn de gebietsprosessen foar de oankeap en ynrjochting fan natuer, sil krekt as ôfrûne jierren, yn oerlis mei de gebietskommisjes barre.

novimber 21, 2018 10:08
Skriuw in reaksje

Gjin opmerkingen

Noch gjin opmerkings

Der binne noch gjin opmerkingen, mar jo kinne de earste wêze

Skriuw in reaksje
Sjoch opmerkingen

Skriuw in reaksje

Jo mailadres wurdt net sichtber foar oare besikers fan dit webstee.
As der in stjerke by in hokje stiet, moatte jo dêr wat ynfiere.*