Opsluting op betingst en wurkstraf foar Jenny Douwes

novimber 9, 2018 15:10

Jenny Douwes waard op 12 oktober mei Fryske flaggen ûnthelle by de rjochtbank yn Ljouwert. (Foto: Omrop Fryslân)

Jenny Douwes fan Drachten hat fan de rjochter in finzenisstraf fan in moanne op betingst krige foar har oprop ferline jier om antyswartepytdemonstranten ûnderweis nei Dokkum ta te kearen. Hja moat fierders in taakstraf fan 240 oeren útfiere. Dat hat de rjochtbank yn Ljouwert freedtemiddei sein. Frou Douwes is skuldich ferklearre oan stokelderij.

Net allinnich frou Douwes hat in straf krige. De oaren dy’t oan ’e blokkade fan ’e sneldyk by de Jouwer meidien hawwe, hawwe yn de measte gefallen taakstraffen fan 120 oeren krige. Yn in pear gefallen lei de rjochtbank in hegere straf op as dat it Iepenbier Ministearje easke hie. De heechste taakstraf by de blokkearders wie 120 oeren grut, de leechste 80 oeren. Aksjegroep Kick Out Zwarte Piet woe dat de blokkearders in kursus oer Swarte Pyt by harren folgje soe, mar dat hat de rjochter net dien.

Abbekaat Tjalling van der Goot neamt de útspraak ‘teloarstellend’. Hy seit dat de blokkearders allegear frijsprutsen binne fan it brûken fan geweld, mar dat dêr yn ‘e takende straf neat fan te merken is. Om dy reden neamt Jenny Douwes de straf ‘bizar’. Hy slút net út dat syn kliïnten yn heger berop geane.

novimber 9, 2018 15:10
Skriuw in reaksje

2 opmerkingen

  1. Sybren novimber 9, 18:55

    Altyd yn berop gean, dit is to gek

  2. Piter novimber 9, 19:14

    In útspraak fan rânestêdreginten yn in polityk sjoproses.

Sjoch opmerkingen

Skriuw in reaksje

Jo mailadres wurdt net sichtber foar oare besikers fan dit webstee.
As der in stjerke by in hokje stiet, moatte jo dêr wat ynfiere.*

This site uses Akismet to reduce spam. Learn how your comment data is processed.