‘Oer de Grinzen’ klimaatevenemint foar hiel Fryslân

novimber 13, 2018 08:39

Moandei 26 novimber organisearje de Fryske gemeenten, de provinsje Fryslân en Wetterskip Fryslân it klimaatevenemint ‘Oer de Grinzen’ yn Stedsskouboarch De Harmonie yn Ljouwert. By dat evenemint stiet de fraach sintraal hoe’t wy mei-inoar wurkje kinne oan in klimaatrobúst Fryslân. Yn in plenêre sesje wurde besikers bypraat oer de lêste ûntwikkelingen en op de Fryske Klimaatparade presintearje goed tritich aktuele klimaatprojekten en organisaasjes har. Belangstellenden binne fan herte wolkom.

Foto: Lucas Kemper

‘Oer de grinzen’ is de titel fan it klimaatevenemint en dat is mei in reden. De opjefte út it lanlik Deltaprogramma Romtlike Adapsje freget nauwe gearwurkingen tusken publike sektor, boargers, bedriuwen en ûnderwiis. Klimaatadapsje, fersâlting, hjittestress, drûchte, enerzjytransysje, de termen fleane jin om de earen, mar wat hâldt it allegear yn? En hoe kin elkenien dêr út syn eigen fakgebiet wei in bydrage oan leverje? Hoe kinne wy oer ús grinzen hinne gearwurkje om de klimaatdoelstellings te heljen? Oer dat en mear giet it by it klimaatevenemint op 26 novimber.

Fryske klimaatstresstest is klear
Yn 2020 moat eltse gemeente yn Nederlân de risikogebieten yn kaart brocht hawwe en dêr belied op makke ha. Under it FBWK2 (Frysk bestjoersakkoart foar de wetterkeat) is troch de gearwurkjende Fryske oerheden yn 2016 al opdracht jûn om de klimaatstresstest foar hiel Fryslân út te fieren. Sa’n klimaatstresstest bringt ferskate risikogebieten yn kaart: wêr komt wetteroerlêst foar? Hoe heech stiet it wetter by in oerstreaming? Wat bart der by langduorjende drûchte? Wêr wurdt it ekstreem hjit yn beboud gebiet?

Ofbylding: Wetterskip Fryslân

Lansearring Fryske klimaatatlas
Alle kaarten út de klimaatstresstest binne foar elkenien fia ynternet tagonklik makke mei de Fryske klimaatatlas dy’t by it evenemint lansearre wurdt. De klimaatatlas is in helpmiddel dêr’t elkenien mei oan ’e slach kin om better antisipearje te kinnen op mooglike oerlêst troch ekstreme waarsomstannichheden dy’t de kommende jierren hieltyd faker foarkomme sille. De Fryske klimaatatlas is in produkt fan Wetterskip Fryslân, Provinsje Fryslân en alle Fryske gemeenten.

Programma Oer de Grinzen
Folksfilosoof Bas Haring is útnûge as om it programma te iepenjen, KRO/NCRV-presintatrise Sofie van den Enk is deifoarsitter. It programma fol ynformaasje, diskusje en aktuele foarbyldprojekten is derop rjochte om de besiker ark yn ’e hannen te jaan om oan ’e slach te kinnen mei de Fryske klimaatopjefte. De Fryske Klimaatparade mei mear as tritich aktuele klimaatprojekten is fan 14.30 oere ôf te besytsjen. Om 16.00 oere set it programma yn de grutte seal útein. Tusken 17.30 en 20.00 oere is der de gelegenheid om de projekten fan de Fryske klimaatparade en it KlimaatLAB te besjen en te netwurkjen. Minsken dy’t der nijsgjirrich nei binne kinne har oanmelde fia: www.klimaateventfryslan.frl/aanmelden.

novimber 13, 2018 08:39
Skriuw in reaksje

1 opmerking

  1. Eric novimber 13, 10:57

    Earst mar wer ris blommen yn ‘e gtreide, hie ik tocht. Mei de ruilferkaveling is der fan dat ferskriklike gers ynsiedde, en no binne der gjin blommen en krûden mear yn it gers. Dat kin Wageningen grif wol wer goedmeitsje.

Sjoch opmerkingen

Skriuw in reaksje

Jo mailadres wurdt net sichtber foar oare besikers fan dit webstee.
As der in stjerke by in hokje stiet, moatte jo dêr wat ynfiere.*

This site uses Akismet to reduce spam. Learn how your comment data is processed.