Oanpak stienmurd in greidefûgelgebiet hat sukses

novimber 5, 2018 08:11 Fernijd

Stienmurd by ‘t nêst – foto: van de provinsje Fryslân

Om greidefûgels te beskermjen binne yn ’e maitiid fan 2018 yn it greidefûgelgebiet om Aldeboarn hinne tsien stienmurden fongen en dea makke. Dat soarge derfoar dat dêr troch stienmurden minder nêsten leechrôve waarden. It tal greidefûgelpiken dat út it aai kwaam, gie nettsjinsteande dat mar mei sân prosint omheech.

Om Aldeboarn hinne is de stienmurd fierwei de grutste rôver fan greidefûgelnêsten. Dat die bliken út ûndersyk fan de provinsje Fryslân yn 2017. Stienmurden mochten dêrom yn de perioade fan 7 maart oant en mei 30 juny 2018 fongen wurde. Dat hat derta laat dat it tal nêsten dat troch stienmurden leechrôve waard, sakke fan 55% yn 2017 nei 35% yn 2018. Mei-inoar binne tsien stienmurden fongen. Twa stienmurdwyfkes mei jongen binne mei rêst litten en wiene yn de ûndersyksperioade dus yn it gebiet oanwêzich.

Behâld fan nêsten
It tal piken dat werklik út it aai komt, is yn ferliking mei 2017 mei mar sân prosint omheech gien. Fan 39% yn, nei 46% yn 2018. Dat kin komme troch de twa stienmurdwyfkes mei jongen en in foks dy’t yn it gebiet op nêsten en piken jagen. It effekt fan it fangen fan de stienmurden is dêrtroch minder sichtber. Dochs is te sjen dat de predaasje fan greidefûgelnêsten troch stienmurden dúdlik sakket.

Ferline jier wiene de stienmurd en foks ek de wichtichste predatoaren fan greidefûgelnêsten om Aldeboarn hinne. Yn 2017 wie it oandiel fan de stienmurd grutter as dat fan de foks. Yn 2018 hie de foks krekt it grutste oandiel. Sûnder de predaasje troch de twa stienmurdwyfkes en de foks soe 90% fan de nêsten it oerlibbe hawwe, mitsdat dy nêsten net op in oare wize ferlern gien wiene.

De territoariums fan stienmurden binne salang’t it briedseizoen duorret aardich stabyl. De territoariums fan de fongen stienmurden waarden yn it briedseizoen net troch stienmurden út oanswettende gebieten oernommen.

Ferfolch
It fangen fan stienmurden yn griedefûgelgebieten liket in kânsrike maatregel te wêzen om greidefûgels te beskermjen. De provinsje Fryslân wol de proef, lykas yn Aldeboarn, dêrom graach útwreidzje nei nije lokaasjes. De provinsje hat dêr subsydzje foar oanfrege by it Ryk.

novimber 5, 2018 08:11 Fernijd
Skriuw in reaksje

Gjin opmerkingen

Noch gjin opmerkings

Der binne noch gjin opmerkingen, mar jo kinne de earste wêze

Skriuw in reaksje
Sjoch opmerkingen

Skriuw in reaksje

Jo mailadres wurdt net sichtber foar oare besikers fan dit webstee.
As der in stjerke by in hokje stiet, moatte jo dêr wat ynfiere.*

This site uses Akismet to reduce spam. Learn how your comment data is processed.