Noorderbreedte siket grut tal wensoarchstipers
Resint ferskynd
- Ofwiisde East-Fryske flagge wapperet foar gemeentehûs Moarmerlân 0
- Ferhaleprojekt ‘Utsteld gelok’ yn pastorijtún yn Blauhús 0
- BolwurkFestival Frjentsjer: muzyk op it wetter 0
- Frysk Museum en de Onkruidenier organisearje aktiviteiten oangeande klimaatferoaring 0
- Bouwe de Boer: Sinnekrêft by de alve stêden lâns 0
Aldereinsoarchorganisaasje Noorderbreedte is úteinset mei it winnen fan minsken foar de funksje fan wensoarchstiper. It stribjen is dat op 1 jannewaris goed 150 ekstra meiwurkers fûn binne. Hja sille bydrage oan it soargjen foar in weardefolle dei foar de bewenners en kliïnten fan de lokaasjes fan Noorderbreedte.
It oannimmen fan it grut tal nije meiwurkers is mooglik tanksij de ekstra jilden dy’t it ministearje fan Folkssûnens, Wolwêzen en Sport (VWS) beskikber steld hat om de kwaliteit fan de ferpleechhûssoarch en it wolwêzen fan âlderen yn ferpleechhuzen yn Nederlân fierder te ferbetterjen. Noorderbreedte kin dêrtroch ekstra personiel ynsette. “Wy hawwe as organisaasje der bewust foar keazen wensoarchstipers oan te lûken”, fertelt Saskia van Opijnen, direkteur-bestjoerder fan Noorderbreedte. “Wy rjochtsje ús op kwaliteit fan soarch en kwaliteit fan libjen. It wolwêzen fan ús bewenners stiet foarop; dêrom sjogge wy nei de hertewinsken dy’t sy hawwe.”
De wensoarchstipers wurkje nau gear mei de ferpleechkundigen, fersoargjenden, IG en helpenden yn in yntegraal soarchtiim, dêr’t elkenien eigen kennis en kunde by ynbringt. “De wensoarchstiper sil him net dwaande hâlde mei soarchtaken”, leit Saskia út. “Sy sille ús bewenners en kliïnten spesifyk yn harren wen- en soarchomjouwing stypje by harren deistige dingen. Tink oan it helpen by húshâldlike wurksumheden, by it iten en oan it begelieden by de deistige aktiviteiten lykas it lêzen fan in krante of it dwaan fan in spultsje. De wensoarchstiper is aktyf yn de buertkeamer of de húskeamer fan minsken. Hja binne oerdeis altyd oansprekber foar ús bewenners en harren neisten en hâlde yn ’e gaten wat der nedich is.”
Ferleging wurkdruk
De bedoeling is dat de komst fan de wensoarchstipers de wurkdruk by kollega’s ferleget. “Trochdat der mear meiwurkers komme, krije de oare tiimleden mear tiid om mei persoanlik omtinken harren eigen wurksumheden te dwaan. Op dy wize drage se ek by oan it wolwêzen fan de bewenners en dat befoarderet fansels ek harren eigen wurkplezier.”
Speeddates
Minsken dy’t belangstelling hawwe yn de mearsidige baan fan wensoarchstiper by Noorderbreedte, kinne har oanmelde foar in speeddate yn novimber. Dat kin fia www.werkenbijnoorderbreedte.nl/woonzorgondersteuner.
Der binne noch gjin opmerkingen, mar jo kinne de earste wêze
Skriuw in reaksje