Noardeast-Fryslân: libje op de grins fan wetter en lân

novimber 26, 2018 18:59

Fotografy: Ruben Smit

Noch twa moanne en de nije gemeente Noardeast-Fryslân is der. Dizze nije gemeente hat mar leafst fjouwer filmhuzen! Bios Burdaard, Filmhûs Dokkum, Filmhûs Kollum en de De Ynset Holwert. Dy meitsje no al de muzyk: gearwurking om in spesjale filmfoarstelling te organisearjen fan de prachtige film WAD mei in yntroduksje troch de regisseur en ekolooch Ruben Smit. 

Freed 30 novimber wurdt WAD – Overleven op de grens van water en land sjen litten yn Teater Sense yn Dokkum.

It Waadgebiet is it iennichst Nederlânske natuergebiet dat op de Unesco Wrâlderfgoedlist stiet. Ruben Smit, dy’t ferneamd wurden is mei de De Nieuwe Wildernis 2013, en syn filmploech litte yn dit unike Nederlânske natuergebiet alle bysûndere natuerferskynsels ûnder en boppe wetter sjen, yn elke tiid fan it jier. Mei de nijste filmtechniken, timelapses, drones, mikrofotografy en ûnderwetterkamera’s wit de ploech de bysûndere natuer fan it Waad út alle perspektiven wei te fangen. Se jouwe de taskôger de wiere sensaasje fan swidens en ja, oerkrêften fan it waad.

De muzyk fan Martin Fondse en de sang fan Nynke Laverman is sfearfol. De begeliedende teksten wurde sein troch Gijs Scholten van Aschat. De op film sette skjinte fan it waad is wûndermoai, dat is ûnwierskynlike natuer.

De fjouwer filmhuzen litte oars harren eigen programmearring sjen, mar binne troch dizze moaie gearwurking ynspirearre en wis fan plan om faker gear te wurkjen. Film bringt de wrâld tichterbij, ek nei Noardeast-Fryslân!

Freed 30 novimber yn Teater Sense
Hogedijken 18-2
9101 WV Dokkum
20.00 oere mei ynlieding troch Ruben Smit.
Yntree: foarferkeap € 10,00 online: https: //mgtickets.nl/v/711
Kassa: € 12,00

novimber 26, 2018 18:59
Skriuw in reaksje

Gjin opmerkingen

Noch gjin opmerkings

Der binne noch gjin opmerkingen, mar jo kinne de earste wêze

Skriuw in reaksje
Sjoch opmerkingen

Skriuw in reaksje

Jo mailadres wurdt net sichtber foar oare besikers fan dit webstee.
As der in stjerke by in hokje stiet, moatte jo dêr wat ynfiere.*

This site uses Akismet to reduce spam. Learn how your comment data is processed.