Nije namme foar gemaal Fiifhuzen: De Heining

novimber 20, 2018 08:38

Seegemaal yn grutste kwelder fan Europa klear foar ferbining swiet-sâlt

De Heining wurdt ta libben brocht en doopt – Foto: Lisanne Visser.

De Heining, dat is de namme fan it nije gemaal yn de seedyk by Marrum. By de offisjele iepening op tongersdeitejûn 15 novimber ûntbleaten bewenners út de omkriten dy namme op in bysûndere wize. Yn in mearkeseftige setting rûnen minsken nei it seegemaal. Dêr kaam it nije gemaal ‘ta libben’. En sa waard de nije blikfanger doopt. Dêrmei binne it gemaal én it projekt offisjeel oplevere.

Fan buorskip De Heining nei gemaal De Heining
De nije namme is net samar betocht. Oant de jierren santich fan de foarige iuw lei tusken de Westerhúsloane en de Noarderleechsteroprit in buorskip. Dat hjitte De Heining en wie yn omfang te ferlykjen mei it buorskip Fiifhuzen. De Heining is no wer werom yn de foarm fan it gemaal yn de dyk.

Foarstelling foar én troch de omkriten
Yn in sfearfolle omjouwing brocht it keunstnerskollektyf Waterlanders it gemaal en syn omjouwing ta libben. De minsken út de omkriten rûnen yn it tsjuster by de miny-foarstellingen, dy’t letterlik yn it ljocht stiene, lâns. In dûnsjende ballerina by in kraan, in brassband op in karre en in sjongkoar, wiene in pear fan de yngrediïnten dy’t de oplevering fan it projekt Fiifhuzen ta in spektakel makken.

It kollectyf wurke gear mei Joop Mulder fan Sense of Place yn it ramt fan Kulturele Haadstêd Ljouwert-Fryslân 2018. Dat diene se mei goed hûndert minsken út de omkriten, fan Toanielferiening Marrum, Popkoor Mingeling, Drumband de Eendracht, Brassband de Eendracht, Vrijwillige Brandweer Hallum-Blikkelân oant de boppebou fan KBS It Fundamint Hallum.

Wat Projekt Fiifhuzen allegear oplevere hat
Provinsje Fryslân, It Fryske Gea, gemeente Ferwerderadiel en Wetterskip Fryslân wurken sûnt de maitiid fan 2017 oan de útfiering fan projekt Fiifhuzen ‘Fan swiet nei sâlt’. It nije gemaal yn de seedijk by Marrum soarget foar in bettere wetterôffier by swiere reinbuien. De ferwachting is dat dy faker foarkomme, it gefolch fan klimaatferoaring. It gemaal is ek in ferbining tusken swiet en sâlt wetter. Dat is goed foar kwelderplanten, lykas seekraal, en waadfûgels, lykas de klút yn it unike bûtendykske kwelderlânskip. Mei in nije farrûte en fytspaad is der in prachtich (natuer)gebiet ûntstien.

Gearwurking
It projekt Fiifhuzen ‘Fan swiet nei sâlt’ is ta stân kommen mei bydragen fan Rykswettersteat, Waadfûns, Europeeske Plattelânsûntwikkeling (POP),Programma nei in Rike Waadsee en de Nasjonale postkoadelotterij. De realisaasje fan it gemaal wie yn hannen fan oannimmer Jansma Drachten BV. De oanslutende ynfrastruktuer is oanlein troch Jelle Bijlsma BV.

novimber 20, 2018 08:38
Skriuw in reaksje

Gjin opmerkingen

Noch gjin opmerkings

Der binne noch gjin opmerkingen, mar jo kinne de earste wêze

Skriuw in reaksje
Sjoch opmerkingen

Skriuw in reaksje

Jo mailadres wurdt net sichtber foar oare besikers fan dit webstee.
As der in stjerke by in hokje stiet, moatte jo dêr wat ynfiere.*

This site uses Akismet to reduce spam. Learn how your comment data is processed.