Nij wike kontrôle op oerheidsbelied oangeande de Friezen

novimber 14, 2018 23:19

Foto: Morguefile

Nije wike moat de Nederlânske oerheid mei it wetter foar de dokter. Ut namme fan de Ried fan Europa besjogge trije saakkundigen dan oft Nederlân de Friezen wol goed genôch behannelet.

De trije saakkundigen binne Aliona Grossu fan de Joadske minderheid yn Moldavië, perfester Evis Alimehmeti, heechlearaar rjocht oan de universiteit fan Tirana en Giuseppe Falbo, Italiaansk taalbeweger yn Switserlân. Hja prate yn Nederlân mei fertsjintwurdigers fan ferskate minderheden en benammen mei Friezen. Sa wolle hja in byld krije fan it Nederlânske minderhedebelied.

De oanlieding is dat Nederlân it Ramtferdrach oangeande de beskerming fan nasjonale minderheden ûnderskreaun hat. Dat skept de ferplichting om goed foar minderheden te soargjen. De Friezen binne offisjeel as minderheid erkend en krije dêrom in protte omtinken fan de trije saakkundigen.

Om de fjouwer jier komt in groep saakkundigen nei Nederlân ta om te sjen oft it minderhedebelied wol doocht. Foarige kearen wie de krityk hieltiten dat de Nederlânske oerheid net genôch die foar it Frysk op skoalle.

novimber 14, 2018 23:19
Skriuw in reaksje

Gjin opmerkingen

Noch gjin opmerkings

Der binne noch gjin opmerkingen, mar jo kinne de earste wêze

Skriuw in reaksje
Sjoch opmerkingen

Skriuw in reaksje

Jo mailadres wurdt net sichtber foar oare besikers fan dit webstee.
As der in stjerke by in hokje stiet, moatte jo dêr wat ynfiere.*

This site uses Akismet to reduce spam. Learn how your comment data is processed.